Ljouwerter hoareka giet dochs net iepen op 17 jannewaris

De hoareka fan Ljouwert docht net mear mei oan de aksje fan ferskate hoareka bedriuwen om op 17 jannewaris de doarren iepen te dwaan, ek wannear't dat net mei. Dat meldt Ton Eijer, eigener fan kafee Scooters en foarsitter fan de ôfdieling Ljouwert fan Koninklijke Horeca Nederland. Hy seit wiis te wêzen mei de bettere stipemaatregels, mar ek dat de diene tasizzingen net genôch binne om de kosten te dekken. "100% ferplicht ticht is ek 100% fergoede", seit Eijer.
De posteraksje fan #dehoarekamistdy by Scooters © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
"Wy krije wat mear stipe fanút it regear, dat is in stik better as it wie. It is net genôch om de kosten te dekken, mar iepen gean fine wy gjin opsje dêr't we wat mei berikke kinne", sa seit Eijer.
De nije stipe fanút de oerheid is net genôch, seit Eijer. "It is in begjin, wy hoopje op mear mar ik bin bang dat der net mear ynsit. Mar it moaie is wol dat it oar jier net ferlege wurdt, it soe earst ôfboud wurde."
Ton Eijer