Waadfûns stekt 1,3 miljoen yn fytspaad oer Fryske waaddyk

11 des 2020 - 15:19

It Waadfûns lûkt goed 1,3 miljoen út foar in trochgeande fytsrûte oer de Fryske waaddyk. Minsken kinne dan fan Harns oant it Lauwersmar komme. Foar it projekt 'Op Paad lâns it Waad' lûke it Waadfûns, de provinsje en de gemeentes Harns, De Waadhoeke en Noardeast-Fryslân mei-inoar 2,7 miljoen euro út.

Foto: Guido Hibma

Provinsje Fryslân sil in heal miljoen bydrage, de restearjende 900.000 euro komt fan de trije gemeentes.

It wurk dat dien wurde moat bestiet ûnder oare út it fuortheljen fan obstakels sa as feeroasters en stekken. Ek wurde dyktreppen oanlein of oanpast. Fierder komme der toeristyske oerstappunten, sa't fytsers de dyk makliker oerstekke kinne en wikselje kinne tusken de bûtendykse rûte en binnendykse paden.

It projekt sil de kommende seis jier útfierd wurde. De wurksumheden wurde tegearre mei de dykfersterking troch Wetterskip Fryslân, dat ynpland stiet tusken 2023 en 2028, útfierd.

(Advertinsje)
(Advertinsje)