Súdwest-Fryslân slút jeugdketen fanwegen hege tal besmettings: "We willen een stevige daad stellen"

11 des 2020 - 15:18

De jeugdketen yn de gemeente Súdwest-Fryslân moatte fan freed ôf tichtbliuwe. Dat hat boargemaster Jannewietske de Vries besletten. De boargemaster docht dat om't it tal besmettingen by bern tusken de 12 en 18 jier tanimt.

Foto: ANP

De keten soene eins al tichtmoatte om't se offisjeel falle ûnder yt- en drinkgelegenheden. De keten binne neffens de gemeente lykwols in útlitklep foar de jongerein en mochten dêrom fan de gemeente noch iepen wêze.

De keten meie wer iepen as oare yt- en drinkgelegenheden wer iepen meie en der in dúdlik coronaplan is wêryn't stiet hoe't de coronamaatregels tapast en hanthavene wurde. De gemeente moat dit plan goedkarre.

"Stevige daad stellen"

"We zien in de leeftijdscohort een trend die ongewenst is en die we willen doorbreken", seit lokoboargemaster Mark de Man. "De keten hebben we opgelegd om te sluiten, al is het zo dat veel keten uit zichzelf al waren gesloten. In het kader van voorzorg willen we een stevige daad stellen."

"De reacties die we tot op heden hebben gekregen zijn vooral begripvol", sa seit De Man. Hy hat der ek begryp foar dat de sluting fan keten mooglik raar oankomme kin by jongerein. "We beseffen ons heel goed dat het voor jongeren een heel uitdagende tijd is."

GGD

Neffens de GGD springe de jeugdketen der net echt boppe út, as it giet om plakken wêr't jongerein in besmetting oprint.

Yn de gemeente Súdwest-Fryslân waarden yn de ôfrûne 24 oeren 46 besmettingen fêststeld. Dat is it heechste tal fan alle Fryske gemeenten.

Lokoboargemaster Mark de Man

(Advertinsje)
(Advertinsje)