RIVM: 177 nije coronabesmettings yn Fryslân

11 des 2020 - 14:25

Der binne de ôfrûne 24 oeren 177 nije coronabesmettings by kaam. Dat meldt it Rijksinstituut voor Volksgezondheid en Milieu (RIVM). Dat binne der trettjin mear as tongersdei, doe wiene it der 164.

It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):

De measte besmettings waarden wer fêststeld yn de gemeente Súdwest-Fryslân (46). Dêrnei waarden de measte positive tests ôfnaam yn Ljouwert (32) en Noardeast-Fryslân (15).

Der is yn De Fryske Marren ien persoan opnaam yn it sikehûs. Der is it ôfrûne etmiel yn Noardeast-Fryslân ien persoan ferstoarn oan de gefolgen fan it coronafirus.

Lanlik

It oantal nije coronagefallen bliuwt lanlik heech. Tusken tongersdeitemoarn en freedtemoarn binne der 8.893 positive tests meld by it RIVM. Op tongersdei melde it RIVM hast 8.800 nije gefallen. It binne de heechste oantallen sûnt ein oktober.

Yn de ôfrûne sân dagen binne der hast 51.000 minsken posityf test, krekt wat mear as de 35.000 de wike derfoar.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)