Boargemaster Dantumadiel lobbyt foar bettere posysje lytse gemeenten

11 des 2020 - 14:15

Boargemaster Klaas Agricola sil de lytse gemeenten yn it Noarden fertsjintwurdigje yn de kopgroep 'Krachtig 80'. De 'K80' is in platfoarm fan tachtich gemeenten mei minder as 20.000 ynwenners. De K80 komt op foar de belangen fan de lytste gemeenten.

Foto: Gemeente Dantumadiel

"Lytse gemeenten stean tichtby de ynwenners. De lyntsjes tusken it gemeentebestjoer en de mienskip binne koart. Dat komt ten goede oan it demokratyske proses", seit boargemaster Agricola. "We wolle as K80 soargje foar in bettere (finansjele) posysje fan álle gemeenten. En foaral as lytse gemeenten ús stim hearre litte yn Den Haag."

Neffens Agricola giet der struktureel te min jild fan it Ryk nei gemeenten. "Dêrtroch wurdt it hieltyd dreger om ús taken útfiere te kinnen. Dat moat oars, want úteinlik betelje ús ynwenners de rekken en is der hieltyd minder jild foar goede foarsjennings", seit de boargemaster.

Gemeentefûns

It K80-netwurk is ôfrûne simmer ûntstien nei oanlieding fan it kabinetsplan om it Gemeentefûns oars oer de gemeenten te ferdielen. It measte jild fan de gemeenten komt fan dit fûns. Lytse gemeenten (oant 100.000 ynwenners) drigen der folle mear op achterút te gean as de gruttere gemeenten.

"Fan de 18 Fryske gemeenten hat allinnich Ljouwert mear as 100.000 ynwenners. De grutte stêden binne folle tichter befolke. It kabinetsplan soe gefolgen hawwe kinne foar ús hiele provinsje."

Nije ferdieling giet letter yn

Ofrûne moandei makke minister Ollongren fan Ynlânske Saken yn in brief bekend dat de nije ferdieling letter yngiet, yn 2023. De beslútfoarming oer dit ûnderwerp skot troch nei it folgjende kabinet. Dit fanwege de noch rinnende petearen tusken de Vereniging Nederlandse Gemeenten (VNG) en it ministearjes fan Ynlânske Saken en Finânsjes oer ûnder oare de finansiering fan it sosjaal domein en de hjoeddeiske finânsjes fan de gemeenten.

It ministearje wit noch net hoe't de nije ferdieling fan it gemeentefûns der presys útsjen moat. It ûndersyk dernei wurdt dizze kabinetsperioade noch ôfrûne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)