Mear as kwart fan stimlokalen Súdwest-Fryslân net coronaproof: "It soarget foar in soad druk"

26 fan de 75 stimlokalen yn de gemeente Sudwest-Fryslan foldogge net oan de corona-easken om te stimmen foar de Twadde Keamerferkiezingen yn maart takom jier. In spesjale ferkiezingswurkgroep fan de gemeente siket dêrom al in pear wiken nei nije lokaasjes en dat hat foar kreative oplossingen soarge.
Mear as kwart fan stimlokalen Súdwest-Fryslân net coronaproof: "It soarget foar in soad druk"
Ien fan de nije lokaasjes is Oosterkerk yn Snits, mar it team hat ek oerlis mei de âlde feemerkhal yn Snits, in museum yn Drylts en it restaurant fan in camping yn Wytmarsum. Tegearre mei fiif oare gemeentemeiwurkers is Janke Beintema sûnt septimber dwaande mei de tariedingen foar de ferkiezingen.
Earst sjogge se op ynternet nei geskikte lokaasjes en dan gean se op lokaasje besyk. Mar yntusken binne de minsken út de doarpen sels ek goed oan it meitinken wêr't stimd wurde kin. "Wy wurde bedobbe ûnder oanbiedings foar gel en kuchskermen. Mar ek foar stimburoleden en watfoar lokaasjes beskikber binne."

Acht by tsien meter

In stimlokaasje fine is dit jier noch net sa maklik. Sa moat de romte yn elts gefal acht by tsien meter grut wêze. Dit is om oardel meter ôfstan te hâlden en om it stimgeheim te bewarjen. Dat betsjut dat oaren net sjen kinne wêr't ien op stimt. Dy oerflakte is dan ek it probleem yn it museum yn Drylts. Dêr sitte bepaalde dingen fêst yn de romte, wêrtroch der gjin genôch plak is om alles yn te dielen. De oare easken binne goeie fentilaasje, grutte of meardere yn- en útgongen en de lokaasje mei net yn gebrûk wêze troch oare minsken.
In museum yn Drylts (links) is ien fan de plakken dy't mooglik as stimburo brûkt wurde sil © Omrop Fryslân, Onno Falkena
Dat lêste is de reden dat de stimlokaasjes yn fersoargingstehûzen en basisskoallen ek allegear ôffallen binne. Om der dochs foar de soargjen dat âlderein stimme kinne, hat Minister Kajsa Ollongren it tal plannen. Sa meie santichplusser per brief stimme en binne stimburo's net ien mar trije dagen iepen. "It soarget foar in soad druk."

Unwissens

Wat ek meispilet, op 18 desimber komt der pas echt útslútsel oer de maatregels by it stimmen. It kin allegear dochs noch oars útpakke. "Der is foar ús noch in hiel soad ûnwis. It hat in soad ympakt."
Oare gemeenten rinne tsjin deselde problemen oan as Súdwest Fryslân. Gemeente Skylge hat bygelyks fjouwer stimlokaasjes, mar trije dêrfan wiene net geskikt fanwege corona. Yn de gemeente Hearrenfean binne njoggen fan de tritich net geskikt. En yn Ljouwert, mei njoggentich stimlokalen de Fryske gemeente mei de measte stimburo's, binne fjouwer lokalen net geskikt.
Ferslachjouwer Onno Falkena oer de stimburo's yn Súdwest-Fryslân