Freedsmerk oer Hugo de Jonge: "Je kinne net alles tagelyk"

11 des 2020 - 13:40

Der wie op de Ljouwerter freedsmerk in soad begryp foar it beslút fan Hugo de Jonge om it liederskip fan it CDA op te sizzen: "Jo kinne net alles tagelyk en it is goed om alles yn te setten om corona der ûnder te krijen". Oaren seagen ek oare redenen: "Hy seach der miskien ek wol tsjin op om't der tsjingas út de eigen partij wie".

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Oaren wiene wer hiel útsprutsen: "Jammer dat hij weg gaat. Ik vind het een aardige man die heel veel voor ons doet. Hij verdient ons respect!" Mar ek it tsjinoerstelde lûd kaam foarby: "Wat in glêdjanus is dat!" en "Ik bin bliid dat er opsoademiteret, dy man fan de coronasprookjes! Lit er der as minister ek mar mei ophâlde. Der bin genôch dy't de doar iepen hâlde wolle!"

"In Hoekstra, dan is it altyd goed"

As geskikte opfolgers by it CDA waarden benammen Wopke Hoekstra en Pieter Omtzigt neamd. "Wopke, de ferlosser!",rôp immen sels. "Allinnich al om dy moaie Fryske namme!", fûn in oar. Ek Omtzigt koe op stipe rekkenje. "Dy man is in held. Hy hâldt fêst en freget troch." Immen mei skynber deselde famyljenamme kiest plan út foar Wobke. "In Hoekstra no, dan is it altyd goed!"

Ferslachjouwer René Koster op de Ljouwerter freedsmerk

(Advertinsje)
(Advertinsje)