GGD iepenet sechsde testlokaasje; WTC Expo wurdt faksinaasjeplak

11 des 2020 - 12:31

GGD Fryslân hat net in dúdlike ferklearring foar de eksplosive stiging fan coronabesmettings yn Fryslân fan de ôfrûne wike. It oantal besmettings is oprûn fan 703 foarige wike nei 973 dizze wike. De grutste stiging sûnt heal oktober. Minsken hâlde har neffens de sûnenstsjinst net goed oan de karantênemaatregels. De GGD iepenet moandei 21 desimber in nije testlokaasje op It Hearrenfean om mear minsken teste te kinnen.

De testlokaasje fan de GGD Fryslân yn Drachten - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

GGD Fryslân hat ôfrûne wike in rekôroantal fan 11.061 tests ôfnaam, 2.300 mear as in wike earder. De delgeande trend fan it oantal besmettings yn Fryslân is, lyk oan de lanlike line, in moanne lyn ophâlden is, seit de GGD. Nei Drinte kent Fryslân de minste ynfeksjes. Der binne lykwols mear tieners posityf test.

Yn fiif gemeenten is it oantal nije besmettings dizze wike bot tanaam. Yn Dantumadiel wie sprake fan in ferdûbeling. Ek yn Noardeast-Fryslân, Hearrenfean, Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren wie de stiging grut. It oantal besmettings halvearre lykwols yn Harns. Ljouwert hie in lytse stiging.

Everhard Hofstra, dokter ynfeksjebestriding by GGD Fryslân, makket him bot soargen oer dy sifers. "Het is een zorgwekkende toename. We kunnen ook niet één duidelijke oorzaak aanwijzen, dat maakt het heel ingewikkeld."

Karantênemaatregels net neilibbe

It leit neffens de GGD net foar de hân dat de stiging feroarsake is troch Black Friday of troch Sinteklaasynkeapen. Dan soene de oprinnende sifers ek yn Ljouwert te sjen wêze moatte. GGD Fryslân seit dat de oarsaak leit yn dat minsken de coronamaatregels net goed neilibje.

De winter is meast it seizoen dat firussen de kop op stekke en minsken siik wurde. Neffens Hofstra ferspriedt it coronafirus him dan ek makliker: "We zitten veel meer binnen en dichter op elkaar. Als je dan niet voldoende ventileert, wordt de kans op overdracht groter."

Feestdagen

It RIVM melde dizze wike dat hast 18 persint fan de posityf teste minsken net yn thúsisolaasje giet. En likernôch de helte fan de minsken dy't yn kontakt west hawwe mei posityf teste minsken hâldt him net oan de karantênemaatregels. De GGD sjocht dat byld ek yn Fryslân: as it firus earne opdûkt, binne de sifers dreech omleech te krijen.

"Ik wil iedereen op het hart drukken om geen plannen te maken met de feestdagen", seit Hofstra. "We zijn nu echt op het punt aangekomen dat we echt niet meer dan 3 personen thuis uitnodigen. En zorg dan dat mensen anderhalve meter afstand houden."

Sechsde testlokaasje

De GGD iepenet ynkoarten in sechsde testlokaasje yn it eardere Friesland College oan de Jousterweg 28 op It Hearrenfean. Fan moandei 21 desimber ôf kinne minsken mei klachten of fan de fyfde karantênedei ôf dêr telâne. Neffens de GGD kinne minsken dêr binnen in dei test wurde en krije se de dei dernei de útslach.

Tiisdei begjint it testen yn de grutskalige testlokaasje yn it WTC Expo yn Ljouwert. Dêr kinne minsken neist de PCR-test ek in antygenetest ôfnimme.

Faksinaasjes

GGD Fryslân wol, sadree't der in goedkard faksin is, yn de rin fan jannewaris begjinne mei it faksinearjen fan minsken yn it WTC Expo. "Dat zijn we aan het regelen. Daar gaan ook weer mensen voor werven."

Everhard Hofstra fan GGD Fryslân

Yn totaal binne no 9.951 ynwenners fan Fryslân besmet rekke mei it coronafirus. De Fryske GGD krige dizze wike fjouwer meldings fan besmette minsken dy't ferstoarn binne. Foarige wike wiene dat der njoggen. It offisjele stjertesifer yn ferbân mei corona stiet no op 142. Der binne tsien sikehûsopnames trochjûn, foarige wike sân.

Súdwest-Fryslân (2.065) hat de gemeente Ljouwert (2.030) yntusken ynhelle kwa oantal besmettings. Foar it earst yn moannen hat ek Noardeast-Fryslân yn in wike mear coronabesmettings as Ljouwert.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.

Trefwurden: 
GGD Fryslân coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)