Goed twa miljoen euro subsydzje foar ûnderhâld Fryske monuminten

Eigeners fan 46 Fryske monuminten krije fan de provinsje subsydzje foar restauraasje en ûnderhâld fan harren gebou of foar it útwurkjen fan plannen dêrfoar. Yn totaal is der 2,5 miljoen euro oan Ryks- en provinsjaal jild beskikber foar de monuminten.
© Google Street View
In foarbyld fan in beleanne plan is de westlike pastorij fan de Sint Bonifatiustsjerke yn Ljouwert. De provinsje stelt 200.000 euro beskikber foar restauraasje by it jaan fan in nije bestimming oan de pastorij mei fjouwer apparteminten op de ferdjippingen. Under en it sûterrên wurde ek yngeand restaurearre en bliuwe yn gebrûk fan de pastorij.

"Goed op erfgoed passe"

Erfgoeddeputearre Klaas Fokkinga is bliid dat de monuminten finansjeel stipe wurde kinne. "Wy moatte goed op ús erfgoed passe, dat is wichtich foar de identiteit fan ús provinsje. Boppedat hâldt it ús stêden en doarpen moai en leefber."
De folsleine list fan monuminten dy't jild tawiisd krije, is hjir te finen. As jo op de link klikke, wurdt it bestân automatysk iepene.