Tsead Bruinja skriuwt dichtbondel oer libben yn tbs-klinyk: 'Dokumintêrepoëzy'

"Wy moatte harren ek as minsken sjen, net allinnich mar as kriminelen." Dat is wat Tsead Bruinja seit oer syn dichtbondel 'Springtij', dy't hy skreaun hat nei oanlieding fan de ferhalen fan minsken yn in tbs-klinyk. De Dichter des Vaderlands fan Rinsumageest hat foar it skriuwen fan syn dichtbondel meirûn yn de longstay fan de Pompeklinyk.
Tsead Bruinja, Dichter des Vaderlands © Omrop Fryslân
It idee foar de bondel kaam fan de Pompeklinyk sels wei. "Sy koene it projekt fan de foarige Dichter des Vaderlands, Ester Naomi Perquin, dy't in tiidsje mei de plysje meirûn hat. De Pompeklinyk hat my doe frege om in wat minskliker gesicht te jaan oan de tbs." Op dat oanbod sei Bruinja fuortdaliks 'ja'. "Ik bin net sa'n goede nee-sizzer", laket er. "Mar ik ha der gjin tel spyt fan hân. Ik fûn it hiel nijsgjirrich, en it wie hiel moai om dy minsken te moetsjen."

Poëtyske taal

Wy sjogge faak allinnich de negative kant fan minsken dy't yn in tbs-klinyk sitte, mar neffens Bruinja is dat net represintatyf foar de ynwenners. "Dat ûntsnappen, dat neame se dan 'het onttrekken aan het verlof', dat is eins alwer hiele poëtyske taal. Fan al dy ferloffen, op de tûzen giet der miskien ien mis. Mar de oaren geane allegear goed."
Hy fertelt dat it libben yn de tbs-klinyk op it libben yn in doarp liket. "Se hawwe ek in libben op dat terrein, mei inoar, dat is in mienskip. Dy helpe mekoar, soargje foar mekoar, se meitsje ek rûzje, en se roddelje oer inoar", sa seit er. It is in byld dy't net faak sjen litten wurdt.

Dokumintêrepoëzy

It wie net de bedoeling dat de dichter hiele perioades yn de klinyk wie. "Ik gie dêr in dei of in moarn hinne en dan prate ik in pear oeren mei ien. Ik skreau alles op wat se seinen, want ik mocht gjin opname-apparaat meinimme. En dat skreau ik dan thús út."
Hy hat besocht safolle mooglik yn harren eigen taal te skriuwen, en neamt de styl fan de bondel dan ek dokumintêrepoëzy. "Se fertelden hiel iepen, mar wy hiene wol de ôfspraak dat it net oer it delikt gean mocht. It gie my om it libben dêr, of bygelyks oer harren jeugd. Se hiene hast allegear in hiele minne jeugd hân."
De Pompeklinyk yn Nijmegen © ANP
Troch it skriuwen fan syn dichtbondel, hat Bruinja wol in oar byld oerholden oan de tbs'ers. "Je moatte dy minsken as minsken sjen", seit er. "Elts hat sicht op in takomst nedich, in perspektyf, mooglikheden, en sy ek. We moatte harren ek as minsken sjen, net as allinnich mar kriminelen."
Dat is faaks makliker sein as dien, want der is fansels in reden dat se yn in tbs-klinyk sitte. Dat ûntkent de Dichter des Vaderlands ek net. "Fansels hawwe dy minsken ferskriklike dingen dien, dêr wol ik neat oer ôf dwaan. Mar it bliuwe wol minsken, dêr moatte wy goed foar soargje. En se dogge ek in soad goeie dingen, ek foar inoar. Se moatte safolle mooglik in kompleet libben hawwe. Ien fan harren begelieders sei ek 'it is belangryk dat sy de jirpels út de grûn sjoggen komme, en net allinne mar tsjin in muorre oan sjen kinne'."

Springtij yn 'e kop

De titel fan de dichtbondel, 'Springtij', komt út in ferhaal fan ien fan de tbs'ers. "Hy fertelde my dat, wannear't hy ferlof hat, it leafste nei de see ta giet. Dan rint hy oer it strân om de kop leech te krijen. 'Soms kin ik hiel lilk wurde, en dan is it krekt as springtij yn 'e kop', sei er", fertelt Bruinja.
Dichter des Vaderlands Tsead Bruinja oer syn dichtbondel 'Springtij'