Operaasje Fryske Flagge: Anna Visser hat Fryske pantoffelklompen yn Italië

11 des 2020 - 11:08

Fan alle lannen op ierde is fan de flagge in emoji, mar net fan de Fryske flagge. Om dêr feroaring yn te bringen, hat Omrop Fryslân Operaasje Fryske Flagge betocht. De Fryske flagge moat yn de list fan emoji's komme, mar dat slagget ús net allinnich. Dêrom kinne Friezen om utens harren Fryske flagge op ús online wrâldkaart pleatse. Dizze wike praten wy mei Anna Visser, hielendal yn Italië hat sy de Fryske flagge pantoffelklompen foar de kachel stean.

Anna hat Fryske pantoffelklompen yn Italië - Foto: Anna Visser

Anna Visser is hikke en tein op De Gordyk, mar wennet op it stuit yn Arluno, yn de omkriten fan Milaan. Se is fyftjin jier lyn nei Italië ta gien om mei hynders te wurkjen, mar op it stuit wurket se op it kantoar fan in Staalferwurkingsbedriuwe. "Uiteindelijk ben ik een liefde tegen gekomen, ben ik getrouwd en kwamen er drie kinderen. Dan verandert je leven. Ik werk niet meer met paarden, maar op kantoor."

'It wie hiel heftich'

De coronamaatregels yn Arluno binne in stik stranger dan yn Fryslân, wit Anna te fertellen. "We zitten hier in de lockdown, straks met de Kerst mogen we ook echt helemaal nergens heen. Er is een compleet straatverbod."

Tige spitich fansels, ek om't de krystdagen just de tiid binne om mei de famylje te fieren. "Normaliter begin je 's ochtends te eten en je houdt de volgende dag pas weer op. Maar dat gaat dit jaar niet op. Ik mag niemand ontvangen, absoluut helemaal niemand." De sitewaasje fan begjin dit jier, doe't it coronafirus him begûn te fersprieden, stiet dan ek noch goed yn it geheugen. "Het was heel heftig. Er kwamen colonnen met begraafauto's voorbij."

Pantoffelklompen

Ek al wennet se al in goed skoft yn Italië, Anna is har Fryske êftergrûn net ferjitten. Alle bern hawwe pantoffelklompen mei in Fryske flagge derop, en ek yn de auto hinget it SC Hearrenfean findel. De bern prate lykwols gjin Frysk. "Ik praat helaas zelf geen Fries", sa seit se.

Operaasje Fryske Flagge: Anna Visser

Mei Operaasje Fryske Flagge sammelet Omrop Fryslân foto's fan Friezen om utens fan oer de hiele wrâld, om sa sjen te litten hoe ynternasjonaal de Fryske flagge is. It ultime doel: foarinoar krije dat der in Fryske flagge-emoji komt.

Meidwaan? Stjoer dyn foto yn fia de Operaasje Fryske Flagge-side. Alle wiken belje we yn ús radioprogramma De middei fan Fryslân mei in Fries om utens.

Al mear as 180 ynstjoeringen binne op de kaart pleatst.

(Advertinsje)
(Advertinsje)