Jonge winkeldief (16) foar sechsde kear yn ien moanne oanhâlden

11 des 2020 - 10:45

In 16-jierrige Drachtster is tongersdeitemiddei op De Drift yn Drachten oanhâlden foar stellerij út in winkel. It wie net de earste kear dat de jonge op 'e die trappearre waard. De plysje krige de Drachtster foar de sechsde kear dizze moanne by de krage.

Foto: Plysje

De jonge Drachtster hie út in winkel oan de Stationsweg eardopkes stellen. Doe't hy oanhâlden waard, wegere hy mei te wurkjen. De plysje seit de jonge opnij oan te melden foar jeugdhelpynstânsjes.

(Advertinsje)
(Advertinsje)