Lilkens oer ekstra jild foar swimbadgebiet yn Bûtenpost

De gemeenteried fan Achtkarspelen hat ynstimd mei in flinke werynrjochting fan it swimbadgebiet yn Bûtenpost. In grut part fan de opposysje wie tsjin omdat se de ynvestearring net op syn plak fine.
It gefaarlike krúspunt oan de súdkant fan Bûtenpost © Google Street View
Foar de oanpak fan de súdkant fan Bûtenpost is 550.000 euro nedich. Yn in tiid wêryn't der bot besunige wurdt, is sa'n útjefte net op syn plak, fûnen de fraksjes fan FNP, PvdA, PVV en VVD. "De needsaak ûntbrekt. Dit is net út te lizzen oan ús ynwenners", seine de partijen.
In tuskenfariant, mei allinnich in rekonstruksje fan it krúspunt fan de Kuipersweg mei De Hoefslag en Bernhardlaan, wie foar de fjouwer opposysjepartijen wol besprekber. Dat krúspunt moat oanpakt wurde om it feiliger te meitsjen. Der komme alle dagen in soad skoalbern del.
Mei de werynrjochting fan it gebiet komt der ûnder oare in 'multyfunksjoneel' plein njonken it nije swimbad fan Bûtenpost. De bou fan de nije Kûpe, it swimbad, kostet sa'n sân miljoen euro. Dy bou is al in skoft geande.