Nyck de Vries mei teste yn Formule 1 foar Mercedes: "Droom voor iedere coureur"

11 des 2020 - 20:00

Autokoereur Nyck de Vries fan Snits makket takom wike syn testdebút yn de Formule 1. Nei it lêste racewykein, de kommende dagen yn Abu Dhabi, docht de 25-jierrige De Vries foar Mercedes in saneamde Young Driver Test. It wurdt foar De Vries de earste offisjele kear dat er yn in Formule 1-wein sit.

Nyck de Vries

In in Young Driver Test meie Formule 1-teams jonge koereurs yn de kunde komme litte mei de auto's op it heechste racenivo. Mercedes kiest dêrby dus foar De Vries. Hy ried dit jier al foar Mercedes yn de Formule E. Yn Abu Dhabi rydt De Vries yn de Mercedes W11, deselde wein dêr't Lewis Hamilton dit jier wrâldkampioen mei wurden is.

De Vries siet fan 2010 oant 2019 yn de jeugdoplieding fan McLaren, mar hy kaam net ta syn debút yn de Formule 1. Hy waard ferline jier wol kampioen yn de Formule 2.

Foto: Mercedes-Benz EQ Formula E Team

"Het zorgt bij mij voor een enorm opgewonden gevoel. Uiteindelijk heb ik nog nooit in een Formule 1-auto getest. Ik kan niet ontkennen dat dit de droom is voor iedere coureur, om in de koningsklasse te rijden of er in ieder geval iets van mee te krijgen", seit De Vries.

"Mercedes is zo extreem dominant. Mensen hebben het misschien niet altijd door, maar de auto's gaan vandaag de dag zo ongelooflijk hard. De reglementen gaan na 2021 veranderen, dus dit zullen waarschijnlijk de beste Formule 1-auto's ooit zijn. Dat maakt deze kans extra fantastisch", aldus De Vries.

(Advertinsje)
(Advertinsje)