Beammen Oranjewâld ha it swier; dûker en keardaam oanlein om wetter fêst te hâlden

11 des 2020 - 09:54

Mei it oanbringen fan in dûker yn it boskgebiet fan Oranjewâld is it earste projekt fan start gien om wetter fêst te hâlden en sa de bosken te behâlden. De beammen ha it swier mei de drûchte fan de lêste jierren. "We hoopje sa dat dit wurket," seit Jochem Liemburg fan Pleatslik Belang Oranjewâld. "It bosk moat echt rêden wurde."

Dûker pleatst yn bosk by Oranjewâld

In dûker is in pvc-buis fan 30 sintimeter yn de trochsneed dy't ûnder paden trochlein wurdt. De dûker soarget derfoar dat it wetter yn it gebiet langer fêsthâlden wurde kin en sa brûkt wurde kin yn drûge tiden. "Een duiker wordt geplaatst bij een obstakel, het kan bijvoorbeeld onder een pad worden geplaatst, zodat het water onder het pad door naar de volgende greppel kan", fertelt Manon van Wesel fan Staatsbosbeheer. De hoop is grut dat it pleatsen fan sa'n dûker it ferdrûgjen tsjinhâlde kin. "Ook al is het maar iets beter, worden de bomen iets gezonder."

As de oanpak yn Oranjewâld effekt hat, kin it mooglik ek op oare plakken tapast wurde. "Als dit een succes wordt, kunnen we verder kijken waar nog meer knelpunten zitten, waar bossen nog meer uitdrogen. Maar dat is iets dat jaren nodig heeft", seit Van Wesel.

De dûker yn Oranjewâld - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

De fitaliteit fan de bosken yn Oranjewâld giet hieltyd fierder efterút. "Dat docht ús pine om te sjen," seit Liemburg wylst hy by in grutte kraan stiet. De kraan leit de dûker yn in greppel. "It hat fierstente drûch west. Dit moaie kultuer-histoaryske bosk is oanlein troch adel en bestiet al hiel lang. As we dat no kwyt reitsje troch in tekoart oan wetter soe dat skande wêze."

It ferdrûgen hat negative gefolgen foar it bioferskaat en de natuer- en lânskiplike wearden. Om de byldbepalende linebeammen te behâlden wurde no meardere maatregels naam. Yn it bosk wurdt in keardamke oanlein dat te regeljen is en in tal dûkers om it wetter fêst te hâlden, sûnder dat it bosk ferdrinkt. Troch de pleatsing fan grûnwetterbuizen kin Wetterskip Fryslân it effekt hjirfan kontrolearje. De totale kosten fan it projekt binne 60.000 euro. "We hoopje dat dit helpt," seit Liemburg. "It is yn elk gefal in stap yn de rjochting. As dit slagget, wolle we mear."

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort yn Oranjewâld

It is it earste projekt fan de saneamde RegioDeal Zuidoost Fryslân en is in gearwurking tusken pleatslik belang, Staatsbosbeheer, de gemeente Hearrenfean en Wetterskip Fryslân.

Kuierders yn de bosken fan Oranjewâld kinne fia in spesjale kuierrûte sjen hokker wurksumheden útfierd wurde. Dizze kuierrûte is te finen op regiodealzuidoostfryslan.nl.

(Advertinsje)
(Advertinsje)