Fryske direkteur foar Groningen Airport Eelde

Meiltje de Groot út Lippenhuzen wurdt de nije direkteur fan Groningen Airport Eelde. Se komt oer fan Airport Twente, dêr't se fan 2013 oant ein dit jier direkteur is.
Meiltje de Groot © Meiltje de Groot
Oant juny dit jier wie De Groot (55) ek direkteur fan Luchthaven Teuge. Se hat in soad ûnderfining yn de loftfeartbrânsj, want se hat ek tolve jier wurke by de Royal Schiphol Group. Se is ek foarsitter fan de Nederlandse Vereniging van Luchthavens, de brânsjorganisaasje fan alle Nederlânske boargerlofthavens.
"De functie als directeur Groningen Airport Eelde is een logisch vervolg op mijn eerdere ervaringen", seit De Groot. "Ik ben blij om een bijdrage te kunnen leveren aan de regio waar in ik woon; Noord-Nederland."
De Groot wurdt de opfolger fan Bart Schmeink, dy't yn jannewaris dit jier oansteld waard as ynterim-direkteur.