Kryststjer skynt op alve ûnbekende plakken yn Fryslân

11 des 2020 - 09:41

Fan moandei 14 desimber ôf stiet alle jûnen in bysûndere lokaasje yn Fryslân yn it ljocht. Alve jûnen foarôfgeand oan de krystdagen wurdt de krystgedachte yn ljocht en lûd troch ús provinsje ferspraat. Dit kear steane net de ikoanyske Fryske plakken sintraal, mar krekt 11 Andere Oorden.

Foto: Merk Fryslân

Omdat it yn de aktuele situaasje net de bedoeling is om grutte tallen besikers byinoar te bringen, wurde de 11 Andere Oorden net yn it foar bekend makke. De lokaasjes krije sichtberens troch in inkele sterke ljochtboarne dy't op ôfstân te sjen is, in hjoeddeistige kryststjer.

"Corona houdt onze samenleving helaas nog altijd in de greep. Toch zijn er gelukkig nog dingen die wél kunnen, ook al lijken ze op het oog misschien maar klein. Lichtpuntjes in donkere tijden", seit deputearre Avine Fokkens-Kelder.

Opdrachtjouwer fan dizze kulturele ûnderfining is de provinsje Fryslân, de útfiering is yn hannen fan LUNA Collective, Lichtendonker en Merk Fryslân.

Elkenien dy't nijsgjirrich is nei de ljochtprojekten kin dy alle dagen fan 17.00 oere ôf sjen op de telefyzje of online by Omrop Fryslân, of op www.friesland.nl/11oorden.

Dêr binne ek ynterviews te finen mei de makkers fan de ljochtprojekten en oare oanfoljende eftergrûnynformaasje. Sa kin elkenien, ek fan in ôfstân, genietsje fan 11 Andere Oorden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)