Kollum: "Homo Plastico"

11 des 2020 - 08:59

"Ik seach fan 'e wike in Ingelsk programma op 'e telefyzje dat gong oer mislearre kosmetyske operaasjes. Der wie ûnder oare in frou dy't tocht jild út te sparjen troch har yn Turkije oan har búk helpe te litten en dat wie freeslik mis gien. Yn Ingelân hawwe se wierskynlik har libben rêden, mar de búk is foar altyd skeind.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Hilda Talsma

It giet ek gauris mis as froulju de billen ynspuitsje litte om sa'n sitsek te krijen as Kim Kardashian. No spuitsje se dat yn mei fet út it eigen liif, earder diene se dat mei bygelyks silikoanen. It is in hiele populêre yngreep, mar net ien dy't feilich is. Hielendal net as ien oft oare griemer silikoanen út de boumerk brûkt.

Dat kin nammentlik troch it hiele liif sipelje en ik ha alris earder in programma sjoen mei in frou dy't har helpe litten hat troch sa'n sabeare dokter. Hy hie sok raar guod yn har kont spuite, wat nei ferrin fan jierren begûn te lekken. Se hie de gatten yn 'e hûd en har billen wiene gewoan wei oan it rotsjen. De saneamde Brazilian butt lift soarget foar in stjertesifer fan 1 op de 3000 en is dêrmei de meast risikofolle operaasje.

Ik fernuverje my der oer dat froulju sokke grutte risiko's nimme omdat se op in oar lykje wolle en tinke dat se dêr moaier fan wurde. Ik fyn dy oerdreaune rûne konten, grutte lippen, en fierste grutte boarsten mar in apart fenomeen. Dêr komt by dat ik harren foar de operaasje meastal kreazer fûn as dêrnei.

Ast wat dwaan wolst oan dyn flapearen, swiere boarsten, skeane noas of hingjende eachlidden, begryp ik wol. It is ek moai dat der op dat mêd sa folle mooglik is, mar as ik in jong frommeske fan noch gjin 30 sjoch dy't troch alle operaasjes en fillers net iens mear op in minsk liket, dan sit ik dêr skodholjend nei te sjen. Net allinnich omdat ik har net begryp en begrutsjen mei har ha mar ek omdat der dokters binne dy't skynber gjin gewisse ha.

Eartiids fûn ik Vanessa, no Connie Breukhoven, in hiele kreaze frou mar doe't ik har lêst by Jinek seach, skrok ik my in ûngelok! Se hat no sokke grutte lippen datst der ûnder skûlje kinst as it reint. En it bliuwt net by Hollywood, it Goai en de telefyzje want sels yn ús eigen provinsje rinne se al om!

Foar it mûlkapketiidrek wie ik in kear yn de Hema en doe't ik my omdraaide, stie der sa'n Kardashian look a like achter my. Roetswart hier, roetswarte eagen, grutte lippen en mear plamuer op 'e holle as op in skûtsje. Betsjut soks no dat wy hjir mei de tiid meigean of dat we al like achterlik binne as de rest?

Wêrom kieze froulju der foar om derút te sjen as in libjende opblaaspop? Dogge se it foar de manlju, of tinke se dat it sa heart? Omdatst it hieltyd faker op 'e telefyzje en social media sjochst? De persoanlikheid ferdwynt ek nochris in kear út in gesicht nei al dy yngrepen en sa stadich oan ferskynt der in nij ras, de homo plastico. En as dy der al net mear útsjogge foardat se tritich binne, hoe sil it dan wêze as se de 80 helje?

Trends sille der altyd bliuwe, mar dizze snap ik echt net. Ik hoopje dan ek fan herte dat we ús imago ear oan dogge en hjir in bytsje nochter bliuwe mei elkoar. Litte we grutsk wêze op ús Fryske platte-lânske konten en lippen dy't passe by ús gesicht. Lit ús asjebleaft net sa achterlik wêze en efter bliuwe oangeande dizze trend. Amen."

Trefwurden: 
De Toan fan Hilda Talsma
(Advertinsje)
(Advertinsje)