PvdA Súdwest stapt nei steatssekretaris om't gemeente jild ferkeard útjout

11 des 2020 - 08:40

In fikse besuniging dy't de gemeente Súdwest-Fryslân ynboekt op jild dat bedoeld is foar earme bern, is yn striid mei de regels. Dat seit de Partij van de Arbeid yn Súdwest-Fryslân. Dy gemeente krijt jild fan it Ryk om bern te helpen dy't yn earmoed libje, mar dat jild soe no oan oare saken útjûn wurde. De riedsleden fan de PvdA binne dêr sa lilk oer, dat se in brief skreaun ha oan de steatssekretaris fan Sosjale Saken.

It Stedhûs fan Snits oan de Marktstraat - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

It giet om in subsydzje fan fjouwer ton. In kwart fan dat jild soe yn de kommende begrutting net nei de bern ta gean. "Yn de gemeenteried fan novimber foar de begrutting is, mei 19 fan de koälysje tsjin 18 fan de opposysje, besletten om 100.000 euro te koartsjen op fjouwer ton dy't we fan it Ryk krigen hawwe foar bern yn earmoed", leit fraksjefoarsitter PvdA-fraksjefoarsitter Johan Feenstra yn de gemeente Súdwest-Fryslân út.

Algemiene middels

"Dy ton ferdwynt dan yn de saneamde 'algemene middelen'. Mar dy algemiene middels wurde bestege oan de útwreiding fan it amtlik apparaat", ljochtet Feenstra ta. Dy amtners hâlde har net dwaande mei berne-earmoed. "Wêr't wy op tsjin binne, is dat jild dat spesifyk foar bern is, en dêr't in bestjoersakkoart ûnder leit, no earne oars oan bestege wurdt."

Bestjoersakkoart

Neffens it kolleezje is der no net sa'n ferlet fan jild op it plak dêr't it foar bedoeld is. "It is foar bern dy't bygelyks net op fakânsje kinne. It kolleezje fûn dat dêr wol wat minder jild nei ta koe, mar dêr tinke wy oars oer", seit Feenstra. "Om't der in bestjoersakkoart leit, stappe wy nei de steatssekretaris om te freegjen wat dy derfan fynt."

Frjemde move

De partij hopet dat de steatssekretaris tajout dat de gemeente Súdwest-Fryslân net op it goede paad sit en dat it jild weromgiet nei de bestriding fan earmoed ûnder bern. "Troch de coronakrisis nimt de earmoed ûnder bern allinnich mar ta, dus wat dat oanbelanget fine wy it in hiele frjemde move om tsjin alle ôfspraken yn der 100.000 euro by wei te klauwen."

Feenstra sjocht it oansprekken fan de steatssekretaris net as it trochdrukken fan de eigen sin. "Dat soene je sizze kinne, mar ôfspraak is ôfspraak."

PvdA-fraksjefoarsitter Johan Feenstra fan Súdwest-Fryslân

(Advertinsje)
(Advertinsje)