Skoallen stean stil by diversiteit en akseptaasje op Pearze Freed

11 des 2020 - 08:07

Op mear as 1.000 middelbere skoallen yn Nederlân wurdt freed stilstien by Pearze Freed. Sûnt 2010 is de twadde freed fan desimber de dei fan akseptaasje fan diversiteit en toane minsken solidariteit mei LGBT+'ers. Ek gemeenten, bedriuwen en oare ynstânsjes kleurje freed pears. Boppedat kinne dit jier foar it earst ek basisskoallen meidwaan.

Skoallen stean stil by diversiteit en akseptaasje op Pearze Freed

Yn Nederlân wurdt de dei sûnt 2010 elts jier op de twadde freed fan desimber hâlden. Pearze Freed ûntstie nei it foarbyld fan Spirit Day yn de Feriene Steaten, dy't earder yn 2010 foar it earst holden waard as utering tsjin it pesten fan LGBT+-jongeren. Is is dit jier foar it earst dat Pearze Freed ek op de basisskoallen organisearre wurdt.

Snits

Op de Simon Havingaskoalle yn Snits is hjoed alles yn it pears. De bern meie pearze klean oan en ek de pearze make-up is meinaam. Fan master Pieter krije de bern fan groep 6/7 de hiele moarn les oer ferskate ûnderwerpen as seksualiteit en ferskillen tusken minsken.

Master Pieter fynt it wichtich dat de bern op jonge leeftyd mei dizze ûnderwerpen yn oanrekking komme: ''De bern sjogge dat ek yn harren eigen omjouwing. Ik krij wol ris ferhalen fan bern dy't dingen meimeitsje yn eigen famylje. Bern komme der mei yn oanrekking en dan is it belangryk dat je der mei se oer prate.''

De bern sels fine it goed dat se der mei de master oer prate. ''Iedereen mag zichzelf zijn en als iedereen niet zichzelf is dan is de wereld best saai'', seit Lyanne. Ek Elbrich is it hjir mei-iens: ''Ik vind het wel een leuk onderwerp om over te praten en ik vind het ook heel goed dat we dat doen. Dan kan iedereen zichzelf zijn.''

Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

Pearze Freed op de Simon Havingaskoalle

Yn Noardeast-Fryslân is it de earste kear dat Pearze Freed organisearre wurdt. De Reinbôgewurkgroep yn Noardeast-Fryslân hat skoallen yn de gemeente benadere om ek mei te dwaan. "Wy krigen al gau berjochten werom fan jongeren fan ûnder oare it Dockinga College en it Piter Jelles dy't seinen dat se meiwurkje woene oan dizze bysûndere dei", fertelt Lenie Lap fan de Reinbôgewurkgroep yn de gemeente.

Direkteuren en teamlieders pikten it ek op en giene dermei oan de slach. In soad learlingen en dosinten drage freed klean en assessoaren yn de kleur pears om út te dragen dat elkenien himsels wêze mei. Op Pearze Freed wurdt ûnderstreke dat elkenien derby heart en dat gjinien fanwegen syn sekse útsletten wurdt.

It wie in learling fan it Piter Jelles yn Ljouwert dy't tsien jier lyn begûn mei Pearze Freed yn Fryslân. "Dat fyn ik noch altyd hiel bysûnder. Der binne no sa'n 1.000 fuortset ûnderwiisskoallen, mar ek universiteiten en hegeskoallen, dy't hjiroan meidogge."

Unfeilich gefoel

De Reinbôgewurkgroep yn Noardeast-Fryslân hie de basisskoallekoepels benadere, mar merkt dat it noch wat tiid kostje sil om alle basisskoallen mei te krijen. "Ik tink dat dat in proses is dat tiid freget. Dit jier wurdt der omtinken oan bestege troch ús, mar ik ferwachtsje dat alle basisskoallen folgjend jier ek oanslute", seit Lap.

Op in hiel soad skoallen wurdt al omtinken bestege oan diversiteit, mar neffens Lap kin der noch mear by stilstien wurde. "Guon jongeren fan 12 oant 17 jier hawwe noch altyd it gefoel dat it net feilich is om út de kast te kommen. As der oandacht foar is, krije sy it gefoel dat se der ek wêze meie."

Webside

De gemeente Noardeast-Fryslân hat sûnt freed in offisjele Reinbôgewebside, dêr't ynformaasje te finen is oer de wurkgroep en dêr't minsken telâne kinne mei fragen of foar ynformaasje.

Lenie Lap fan de Reinbôgewurkgroep yn Noardeast-Fryslân

(Advertinsje)
(Advertinsje)