Eksplosive groei coronabesmettingen yn Fryslân: hast tûzen yn ien wike

974 Friezen binne de ôfrûne wike posityf test op it coronafirus. Dat binne 271 mear as de wike dêrfoar, in groei fan hast 39 prosint. De lêste kear dat yn ien wike mear besmettingen fêststeld waarden wie mids oktober, op it hichtepunt fan de twadde golf.
© Shutterstock.com / ffikretow
Lanlik binne de ôfrûne sân dagen 47.893 besmettingen fêststeld. Dat is in groei fan hast 37 prosint ferlike mei de wike dêrfoar.

Yn totaal hast 10.000 yn Fryslân

It deistige trochsneed tal besmettingen yn ús provinsje wie de ôfrûne wike 139. Mei de 974 positive testen fan ôfrûne wike binne no 9.963 ynwenners fan Fryslân besmet rekke mei it coronafirus sûnt 10 maart. Doe waarden op De Gordyk de earste twa besmettingen fêststeld.
It deistige tal besmettingen sûnt it begjin fan de útbraak (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):
GGD Fryslân krige dizze wike fjouwer meldingen fan besmette persoanen dy't ferstoarn binne. Dat binne just minder as de ôfrûne wiken. It offisjele stjertesifer yn Fryslân yn ferbân mei corona stiet no op 142. It werklike tal stjergefallen as gefolch fan it firus leit heger, om't net elkenien test wurdt.

Measte besmettingen wer yn Súdwest-Fryslân

Yn de gemeente Súdwest-Fryslân binne de ôfrûne wike wer fierwei de measte besmettingen fêststeld: 291, dat is hast 30 prosint fan it Fryske totaal. De Fryske GGD sei fan 'e wike dat it lestich is om der in finger achter te krijen wêrom't krekt dêr safolle besmettingen binne.

Wyklikse besmettingen en stjergefallen

Wike Besmettingen Stjergefallen
4 desimber - 10 desimber 974 4
27 novimber - 3 desimber 703 9
20 novimber - 26 novimber 672 13
13 novimber - 19 novimber 720 17
6 novimber - 12 novimber 561 6
30 oktober - 5 novimber 838 8
23 oktober - 29 oktober 926 9
16 oktober - 22 oktober 1.051 5
9 oktober - 15 oktober 1.160 2
2 oktober - 8 oktober 666 0
25 septimber - 1 oktober 515 0