Jistrum ropt gemeente op om plannen MFA troch te setten

De gemeente Tytsjerksteradiel soe de plannen foar in nije multyfunksjonele akkommodaasje yn Jistrum trochsette moatte. Dat fine de Dorpsontwikkelingsmaatschappij, de basisskoalle en de ferskate ferieningen yn it doarp. No't it kolleezje besletten hat de projekten foarearst stop te setten, driget de úteinlike realisaasje fan it MFA yn gefaar te kommen, sa warskôget it doarp.
Al seis jier wurdt der yn Jistrum wurke oan de plannen foar in MFA. Yntusken binne de plannen sa fier dat de gemeente in beslissing nimme moat oer it projekt. Neffens foarsitter Renee Storm fan de Dorpsontwikkelingsmaatschappij kin sels de finansiering al regele wurde, sadat oer net al te lange tiid de bou úteinsette kin.

Behoefte oan in MFA

In nije lokaasje is neffens Storm om meardere redenen nedich. De sporthal yn it doarp is ferâldere, der is op it stuit gjin doarpshûs en ek oare ferieningen wachtsje op de komst fan in MFA. Dochs besleat it kolleezje fan Tytsjerksteradiel twa wiken lyn om de plannen foar it MFA yn Jistrum foarearst yn de iiskast te setten.
Wethâlder Gelbrig Hoekstra: "Wy moatte it kommende healjier gewoan brûke om de lêste eintsjes dúdlik te krijen. Dan leit der in fierder útwurke plan yn juny of july. Op dat momint hawwe wy ek dúdlik hoe't de ried it op in oantal terreinen hawwe wol. En dan kinne wy gewoan wer fierder mei de planfoarming."

Skoalle: ferlet fan romte

Foar de skoalle yn Jistrum, De Greide, kin in nije lokaasje der net rap genôch komme. Neffens direkteur Dineke van der Zee is it tal learlingen fan de skoalle de ôfrûne tiid flink tanaam. Fan de ferwachte krimp is yn Jistrum gjin sprake en dus is der op it stuit ferlet fan twa ekstra lokalen. De ferwachting is dat it learlingetal de kommende tiid fierder groeit, of yn alle gefallen lyk bliuwt.
Neffens foarsitter Renee Storm soe de gemeente der goed oan dwaan de plannen gewoan troch te setten. "Brûk Jistrum as foarbyld", sa seit Storm. As der op gemeentlik belied wachte wurde moat, rint Jistrum it risiko dat partijen ôfheakje. De úteinlike realisaasje fan it MFA yn it doarp soe dêrmei yn gefaar komme kinne.
Foarsitter Renee Storm fan de Dorpsontwikkelingsmaatschappij en direkteur Dineke van der Zee fan de basisskoalle