Jongeren organisearje Serious Request om jeugdhonk Minnertsgea te rêden

11 des 2020 - 06:21

Fjouwer jongeren fan 15 út Minnertsgea en Aldebiltsyl organisearje yn it wykein foar Kryst in jildynsammelaksje om jeugdhonk 't Alibi te rêden. It jeugdhonk leit fanwege corona al moannen stil. Der wurdt dus neat fertsjinne, wylst de fêste lesten trochrinne. Sûnder aksje driget sluting. De fjouwer inisjatyfnimmers wolle dat perfoarst foarkomme en organisearje dêrom in online Serious Request.

De fjouwer inisjatyfnimmers yn jeugdhonk 't Alibi - Foto: Omrop Fryslân

Hedzer Miedema, Nine Siegersma, Rinke Miedema en Mats Wagenaar litte har fan 18 oant 20 desimber opslute yn jeugdhonk 't Alibi. Se sille dan plaatsjes draaie foar wa't se mar oanfreget en ek guod feile dat se krije fan sponsoaren.

Fanwege de coronamaatregels mei it fan de gemeente Waadhoeke foaral net te gesellich wurde op it grutte plein foar it jeugdhonk. It wurdt dêrom in online Serious Request, dêr't alle sosjale media by ynset wurde. Ek wurdt der drok flyere yn it doarp om ek âldere ynwenners fan Minnertsgea te berikken.

"It giet finansjeel net goed mei 't Alibi. Der binne gjin feestjes en gearkomsten, mar de fêste lesten rinne troch", fertelt Mats Wagenaar. "As dit langer sa trochgiet, binne we ús jeugdhonk kwyt en dêrom ha we dizze aksje betocht."

Jeugdhonk 't Alibi yn Minnertsgea - Foto: Omrop Fryslân

It kwartet sit yn Ljouwert op skoalle en hat de aksje betocht op harren deistige fytstocht nei de Fryske haadstêd. "Underweis ha we wol tiid om te praten", seit Nine Siegersma. "We binne seker sa'n 50 minuten ûnderweis."

De jongeren fine dizze coronatiid mar saai. Gjin doarpsfeest, gjin sportwedstriden, gjin festivals. Se wolle net ek noch in kear harren jeugdhonk kwyt, want dat is foar in soad jongeren yn it doarp in wichtich moetingsplak.

It fjouwertal oer de Serious Request-aksje

(Advertinsje)
(Advertinsje)