Online hynstekeuring grut sukses: alle dagen goed 30.000 sjoggers fan oer de hiele wrâld

10 des 2020 - 22:41

De online besichtigingen fan de jonge Fryske hynsten troch it KFPS binne in grut sukses. Fysyk oanwêzich wêze is dit jier net mooglik, dochs ha de hynsten miskien wol mear bekyk as ea. De besichtingen wurde tusken 7 en 12 desimber streamd op de Facebook-side fan it hynstestamboek en lûke alle dagen mear as 30.000 besikers fan oer de hiele wrâld.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

De grutte belangstelling komt as in ferrassing foar de organisaasje, seit Marijke Akkerman fan it KFPS. Neffens har binne de sjoggers ek hiel wiis mei de rjochtstreekse online keuringen. "Der komme positive reaksjes en soms ek wolris ien dy't in wat krityske opmerking hat, mar oer it algemien binne de minsken hartstikke tefreden oer hoe't wy dy keuring live ferslaan. Dat minsken dochs meisjen kinne, sûnder dat se der by binne hjirre."

De besichtigingen sûnder fysyk publyk ha in posityf effekt op de hynders, seit Akkerman. "Foar de hynders sels is it wierskynlik wol folle rêstiger, se ha folle minder prikkels fan minsken deromhinne en fan muzyk." De begelieders fan de hynders binne der miskien minder bliid mei. "De foarbringers sille it wol jammer fine dat der gjin publyk by is", tinkt Akkerman.

Yn jannewaris is der in twadde besichtiging en dêrnei folget de grutte hynstekeuring. "Dêr binne ek altyd in hiel protte minsken by, mar dat is dit jier ek oars. Fia de livestream sille we dat ek allegear ferslaan."

Marijke Akkerman fan it KFPS

(Advertinsje)
(Advertinsje)