Museum Belvédère krijt strukturele stipe fan FB Oranjewoud

10 des 2020 - 21:46

Stichting FB Oranjewoud stipet de kommende fjouwer jier it Museum Belvédère yn Oranjewâld. In part fan it jild dat de stichting struktureel yn it museum stekt, is bedoeld foar grutte tentoanstellingen mei ynternasjonale útstrieling. In oar part is foar lytsere útstallingen.

Museum Belvédère yn Oranjewâld - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Foar kommend jier ferbynt FB Oranjewoud him oan in ekspoysje oer de skilder Jan Mankes en in útstalling dêr't byldzjende keunst út de firtuele werklikheid fan games sintraal stiet. It museum en de organisaasje binne al langer oaninoar ferbûn. Sa is de keunstkolleksje fan de stichting sûnt 2012 ûnderbrocht by it museum.

Museumdirekteur Han Steenbruggen is wiis mei it partnerskip. It museum hat jierren fan jildsoargen achter de rêch en kin him no yn alle gefallen fierder ûntwikkelje, seit hy. "Het stelt ons in staat om onze internationale projecten in optimale vorm uit te voeren en om als museum door te ontwikkelen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)