Nachtopfang Zienn yn Ljouwert wer iepen foar dakleazen fanwege kjeld

10 des 2020 - 21:34

Opfangorganisaasje Zienn hat de nachtopfang yn Ljouwert wer iepensteld foar dakleazen. Dat betsjut dat alle bêden beskikber komme foar minsken dy't op strjitte libje. It giet dan om 52 plakken.

Foto: Omrop Fryslân

Om't de temperatuer yn de nacht fan tongersdei op freed ûnder de nul graden komt en de gefoelstemperatuer noch leger is, kinne dakleazen wer yn de winterneedopfang telâne. Fan freed ôf wurde der hegere temperatueren ferwachte en dan giet de foarsjenning wer ticht.

De Ljouwerter nachtopfang hat in spesjale isolaasjeôfdieling foar minsken mei sykteferskynsels. Elk dy't yn de nachtopfang sliepe wol, wurdt screend en moat dûse. Wa't koarts hat, giet fia in spesjale yngong nei de isolaasjeôfdieling. Wa't echt siik is, mei oerdeis binnendoar bliuwe.

(Advertinsje)
(Advertinsje)