De Lawei komt mei Kerstdinerbox: foar elke ferkochte doaze in krystmiel nei de Voedselbank

10 des 2020 - 21:18

Wa't mei de krystdagen wat lekkers op tafel sette wol, kin syn iten ophelje by teäter De Lawei yn Drachten. De skouboarch hat in nij inisjatyf betocht: de Kerstdinerbox. It bestiet út in miel fan trije gongen en it iten kin thús opwaarme wurde. Foar elke ferkochte doaze jout de organisaasje ek in diner oan Voedselbank Drachten.

Foto: De Lawei

Doel is om 450 boksen te ferkeapjen, sadat alle húshâldens dy't ôfhinklik binne fan de itensbank ek thús genietsje kinne fan in jûnsmiel. It teäter makket mei dizze aksje gjin winst, allinnich de kosten foar it iten en it ferpakkingsmateriaal wurde dutsen. "Er zit een kerstgedachte achter", seit Alfred Mathijssen fan De Lawei. "Onze keuken, onze chef-kok, kwam met het initiatief om iets te gaan doen voor de maatschappij. Zij kwamen met het idee om de Voedselbank te ondersteunen in deze moeilijke tijd."

De Voedselbank Drachten is bliid mei it inisjatyf fan De Lawei. "We hopen dat het een groot succes wordt en we zoveel mogelijk alle huishoudens die afhankelijk zijn van onze Voedselbank, van een diner kunnen voorzien", seit bestjoerslid Dirk Meijer. De Kerstdinerbox is te bestellen fia de webside fan De Lawei of telefoanysk wannear't de skouboarch iepen is.

Net stilsitte

De hoareka-aktiviteiten fan it teäter lizze al in skoft stil fanwege de coronakrisis, mar de meiwurkers sitte net stil. De krystdinerboks is net it iennichste maatskiplike inisjatyf fan de skouboarch. In grut diel fan it personiel wurket ek as gastfrou of -hear yn it Drachtster sikehûs Nij Smellinghe.

Alfred Mathijssen fan De Lawei yn Drachten

(Advertinsje)
(Advertinsje)