Basketballers Aris oar jier ek nei België: kompetysjes wurde ien: "Nije stip op 'e hoarizon"

11 des 2020 - 10:00

Fan seizoen 2021-22 ôf wurde de Belgyske en Nederlânske basketbalkompetysjes gearfoege, dat hat de Dutch Basketball League tongersdei bekend makke. Nei mear as in jier oan petearen stimden alle klups tongersdeitejûn yn mei it ynfieren fan de kompetysje, dy't as wurknamme 'BeNeLeague' hat.

Foto: Aris Ljouwert

Dat betsjut ûnder oaren dat de basketballers fan it Ljouwerter Aris oar jier ek tsjin Belgyske klups spylje sille.

It seizoen sil dan úteinsette mei twa nasjonale kompetysjes. De fiif bêste klups út elts lân spylje dêrnei tsjin inoar yn de 'Golden Group', de oare teams komme terjochte yn 'Silver Group'.

Kampioenen

Der sil ek in Nederlânsk kampioen út de kompetysje komme: de bêste Nederlânske ploech yn de Silver Group nimt it tsjin trije ploegen út de Golden Group op om it kampioenskip. De nasjonale kampioenen spylje dêrnei tsjin de bêste ferliezers fan de nasjonale play-offs, om de winner fan de BeNeLeague te bepalen.

Omtinken foar jonge basketballers

Yn de nije kompetysje moat der ekstra omtinken komme foar de jeugd, sa seit Dutch Basketball League-foarsitter Ramses Braakman. "In onze plannen gaan we ons ook sterk richten op jonge (potentiële) basketbalfans. Dat gaan we terugzien in onze communicatie en social media engagement. We willen graag met onze fans een passende nieuwe naam en huisstijl voor de nieuwe league ontwikkelen. Het geloof is enorm groot bij alle betrokkenen in de opzet van het nieuwe competitiemodel dat op alle fronten baanbrekend genoemd mag worden."

"Nije stip op 'e hoarizon"

"Ik tink dat it in hiel belangryk beslút is foar it basketbal yn Nederlân en België. Wrâldwiid is it in enoarme sport mar yn beide lannen krije we it net echt fan de grûn", seit manager Sierd Dijkman fan Aris. "We tinke dat we mei dit ynstrumint ús dalende begrutting omkeare kinne en in nije stip op 'e hoarizon ha."

Wylst de Belgen oer it algemien sterker binne yn it basketbal, hiene sy ek problemen mei har kompetysje. "Dat is fan de histoarje ôf al sa, der is ek folle mear jild. Mar dêr hiene se ek it probleem dat der mar tsien ploegen binne, dat is net genôch foar in kompetysje."

Sierd Dijkman, manager fan Aris

(Advertinsje)
(Advertinsje)