Oerfallers 93-jierrige frou Drachten bliuwe fêstsitten

10 des 2020 - 19:34

Trije manlju dy't fêstsitte foar in oerfal op in 93-jierrige frou yn Drachten ferline jier, bliuwe fêst oant de behanneling fan de saak yn begjin febrewaris. De rjochtbank hat it fersyk om de fertochten frij te litten, sadat se mei de krystdagen thús wêze koene, ôfwiisd.

Foto: ProNews

De frou waard ferline jier oktober thús oerfallen troch twa jonges. Se naaiden út mei in jildkistje. Fan ien fan de fertochten waard DNA-materiaal fûn. Op grûn dêrfan waard er oanhâlden. Letter waarden noch trije oare fertochten oanhâlden, dy't ek belutsen wiene by de oerfal. Ien fan de fertochten hat bekend en is yntusken wol op frije fuotten.

Trefwurden: 
Drachten rjochtbank oerfal
(Advertinsje)
(Advertinsje)