Drachtster Boys mei yn jannewaris mooglik noch net los: "De trainers hiene stoom út 'e earen"

10 des 2020 - 19:04

Dêr't de sealfuotbalfroulju fan Drachtster Boys tiisdei noch optein wiene doe't bekend waard dat se wer los kinne, binne se no yn betizing: neffens de KNVB meie de froulju yn jannewaris mooglik noch net los.

Drachtster Boys yn betizing oer opstarten kompetysje

"It earste dat by my opkomt is, wy kinne wer los, it sil wêr wêze", tocht koördinator sealfuotbal by Drachtster Boys, Cor Kramp, tiisdei noch. Woansdei kaam lykwols in hiel oar berjocht fan fuotbalbûn KNVB.

"Jonges, ho ho ho, efkes de eufory ynhâlde, want it jildt foar de manlju mar miskien net foar de froulju, want dy ha gjin Europeeske kompetysje. En it is noch mar de fraach oft de frouljusteams harren wol oan de protokollen hâlde kinne", omskriuwt Kramp de mail. "De beide trainers hiene stoom út 'e earen."

"Ik bin it gebit al kwyt"

Op fragen fan Omrop Fryslân antwurde de KNVB lykwols dat der gjin ferskil is tusken manlju en frouljusteams, en dat de sealfuotbalfroulju wat it bûn oanbelanget los kinne. By Drachtster Boys begripe se der dan ek neat mear fan. "Ik bin it gebit al kwyt", laket Kramp.

It bûn giet der neffens Kramp al fan út dat de klups it coronaprotokol net foarinoar krije, wylst dat protokol noch hielendal net bekend is. "Dat is des KNVB's, mar it slacht hielendal nergens op. Mar litte wy as klups no earst mar ris in konferinsje hâlde en dan moatte sy mar sizze wat sa'n protokol ynhâldt."

(Advertinsje)
(Advertinsje)