"Byld Roosje Cohen fertsjinnet plak op eardere feemerk yn Ljouwert"

It byld foar de Joadske twilling Roosje en Betje Cohen moat in plak by it stasjon krije dêr't earder de feemerk wie. Der siet Roosje Cohen altyd mei har hannel yn in bernewein guod te ferkeapjen. Dat seit de beppesizzer fan Roosje har twillingsuster Betje Cohen. It byld stiet nei de rekonstruksje fan de spoarweioergong by de Skrâns op in flechtheuvel. Ferkear stoot der oan alle kanten del.
Byld Roosje Cohen
It stiet der mar gefaarlik dêr op de hoeke, seit beppesizzer Lies Norberhuis fan Betje Cohen. As minsken út de bocht fleane mei de auto of se hawwe in slokje op, dan giet it mis.
De Joadske Betje en Roosje Cohen oerlibben de oarloch. Se wiene ferkeapsters op de feemerk en op de Skrâns. Yn 1988 kaam it byld by de spoaroergong op de Skrâns te stean. Troch in werynrjochting is it byld ferpleatst. It stiet sûnt koart ienlik en allinnich op in lytse ferheging tusken de fytsers en de auto's en dat is in soad Ljouwerters min nei 't sin. Op it âlde plak wiene der ek banken by en grien. It is no in keale bedoening. In spesaal oprjochte aksjegroep dat Roosje in better plak kriget.
It keunstwurk stiet dan wol foar de susters Betje en Roosje Cohen, mar inkeld Roosje mei har bernewein is ôfbylde. Betje har beppesizzer hat it altyd nuver fûn dat it byld fan Roosje op de Skrâns útseach, want dêr siet se net. Har beppe Betje hie dêr wol in winkeltsje.
De gemeente lit witte dat it byld freed fuorthelle wurdt. It komt yn de opslach oant der oer plak fûn is. Dat it byld no nei de opslach giet, fynt de beppesizzer mar neat. Ast in pear dagen sikest, fynst samar in gaadlik plak, seit se.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Lies Norberhuis, beppesizzer fan Betje Cohen