Ruten en doarren iepen om skoallen te fentilearjen: "Hie ik mar in dikke trui oandien"

10 des 2020 - 17:55

De ruten en doaren iepen om it skoalgebou genôch te fentilearjen: dat like in goede oplossing om fersprieding fan it coronafirus tsjin te gean, mar no't bûten de gefoelstemperatuer ûnder it friespunt komt, sitte de bern mei de jas oan yn it leslokaal.

Jas oan yn skoalle

Ek by Piter Jelles Dalton is it somtiden kâld yn de klasse. "Ik fyn it wol goed dat se it dogge, mar it is wol kâld yn 'e skoalle. Meast tinkst, hie ik mar in dikke trui oandien. Kinst net mear in T-shirt of in tin blûske oandwaan", seit Jenita út de tredde klasse.

Yn de lokalen hingje mjitters dy't oanjouwe hoe't it derfoar stiet mei it CO2-gehalte yn de romte. Op basis dêrfan witte de leararen oft der ruten iepen moatte of net. "It is eins wol belangryk om elke les minimaal, en dat kin by leswikselingen, fiif minuten te fentilearjen. Yn prinsipe moat dat foldwaande wêze", seit direkteur Sipke Saakstra.

De skoalle hat ekstra kachels oan om de skoalle in bytsje op temperatuer te hâlden. "We hawwe âlden ek frege: soargje derfoar dat de bern mei waarme klean op skoalle komme. Se meie ek de jas yn de klasse oanhâlde, sa't it foar elkenien dochs in bytsje gaadlik bliuwt", seit Saakstra.

Konsintraasje

De iene learling hat mear lêst fan de kjeld as de oare. "My steurt it net sa, mar miskien oaren wol. Dat soe ik ek wol snappe, dat it ôfliedt", seit Remco út de earste klasse. "De concentratie is net wat minder dan normaal, maar het lukt wel", seit Dirk Jan út de tredde. "Maar door de wind denk ik er wel aan dat het koud is", seit Dirk Jan, dy't fynt dat dat wol foar ôflieding soarget.

Neffens de direkteur hat de kjeld gjin negative ynfloed op de learresultaten. "It is net sa dat ik dosinten sizzen hear dat se harren oandacht der net mear byhâlde kinne. Eins meie we dêr best wol tefreden oer wêze oant no ta", sa seit Saakstra.

Ferslachjouwer Lars de Leeuw wie op Piter Jelles Dalton yn Dokkum

(Advertinsje)
(Advertinsje)