Meiwurker finzenis Ljouwert besmet mei corona, tweintich detinearden yn karantêne

10 des 2020 - 17:27

In meiwurker fan de finzenis yn Ljouwert is besmet rekke mei it coronafirus. Tweintich detinearden ha woansdei in coronatest dien, om't se yn kontakt west ha mei de besmette meiwurker. Ut de test die bliken dat de finzenen, dy't allegear op deselde ôfdieling sitte, it coronafirus net oprûn ha. Ut foarsoarch binne se wol twa dagen yn karantêne pleatst yn de eigen sel.

Foto: Aise van Beets

No't se negatyf test ha, meie se wer meidwaan oan it reguliere deiprogramma yn de finzenis. De besmette meiwurker is thús yn karantêne gien, lit fêstigingsdirekteur Gino Tibboel fan de penitinsjêre ynrjochting witte.

Om't de meiwurker mooglik al besmet wie, doe't er noch oan it wurk wie, is der kontaktûndersyk dien en binne de tweintich detinearden sa gau mooglik test en previntyf yn karantêne pleatst. Tibboel is bliid dat de tests negatyf wiene. "Gelukkig bleek er niemand besmet te zijn."

(Advertinsje)
(Advertinsje)