Houtsintrales yn Bitgum en Beetstersweach hoege noch net ticht

10 des 2020 - 15:50

De houtsintrale fan paprikakweker Jaap Vink út Bitgum hoecht noch net ticht. Ek de houtoven yn Beetstersweach, dy't twa gebouwen fan soarchynstelling Lyndensteyn ferwaarmet, mei foarearst iepen bliuwe. De provinsje hie besletten dat de houtsintrales uterlik freed stillein wurde moasten, nei't de miljeu-organisaasje Mobilisation for the Environment (MOB) seach dat de stikstofútstjit te heech is neffens de hjoeddeiske regels.

Houtsintrales yn Bitgum en Beetstersweach hoege noch net ticht

It stillizzen fan de houtsintrales is no mei seis wiken útsteld. Omdat dy termyn pas yngiet nei it behanneljen fan it beswierskrift is der no tiid oant april om in oplossing te sykjen.

Undernimmer Jaap Vink is ferromme: "Voor de korte termijn ben ik opgelucht, maar het probleem is nog niet opgelost". De situaasje wie neffens Vink hiel knipend, om't it dreech is om op sa'n koarte termyn in oare oplossing te finen foar it ferwaarmjen fan syn kas. "Als de centrale uitgaat, gaat de tent failliet", sa seit Vink.

Mar no krijt de kweker wat mear lucht om nei in oplossing te sykjen en sil in ûnôfhinklike oanfraach yntsjinne wurde. Trochdat er foarearst trochdraaie kin mei syn houtsintrale, kin Vink letter dizze moanne wer los mei nije oanplant en kin er syn fjirtich meiwurkers oan it wurk hâlde.

Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Undernimmer Jaap Vink

Troch houtsnippers te ferbaarnen yn in waarmtepompynstallaasje wekt Vink waarmte op om de kassen op temperatuer te bringen. Vink wie in pionier, mar de provinsje wol no dat hy syn kassen ferwaarmet op in wize wêrby't minder stikstof frijkomt.

Earder al hat de FNP skriflike fragen steld oan it kolleezje fan Deputearre Steaten oer de kwestje en ek de CDA-fraksje wie min te sprekken oer it hurde optreden fan de provinsje.

Deputearre Douwe Hoogland

"Wy binne der net op út om bedriuwen te sluten", seit deputearre Douwe Hoogland oer de situaasje yn Bitgum. "Wy hawwe nochris nei de situaasje sjoen en besletten om it bedriuw in oanbod te dwaan foar seis wike ekstra."

Neffens Hoogland is it wichtich dat de ûndernimmer fuortendaliks úteinset mei in oplossing. Stikstofromte oankeapje kin in bydrage leverje oan in oplossing, de kachel wat leger sette ek, sa seit de deputearre.

(Advertinsje)
(Advertinsje)