164 nije besmettingen yn Fryslân, measte sûnt 26 oktober

Der binne de ôfrûne 24 oeren yn Fryslân 164 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat binne 29 mear as woansdei, doe wiene it 135. De lêste kear dat it mear wiene as 164, wie 26 oktober. Oer de lêste sân dagen sjoen, is it deistige trochsneed tal besmettingen 137.
It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):
De measte besmettingen binne de ôfrûne dei fêststeld yn de gemeente Súdwest-Fryslân (46). Dêrnei komt Ljouwert (20).
Yn Fryslân binne it ôfrûne etmiel gjin stjergefallen as gefolch fan corona meld. Der binne wol trije nije sikehûsopnamen meld, ynwenners fan Eaststellingwerf, Noardeast-Fryslân en Súdwest-Fryslân.

Lanlik ek grutte groei

Lanlik binne der 8.793 nije coronabesmettingen konstatearre. Woansdei wiene dat 6.583.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.