Fryske grinsrjochter by PSG-Istanbul: 'Stillizzen wedstriid by rasisme allinne mar stypje'

10 des 2020 - 14:03

De Ljouwerter assistint-skiedsrjochter Mario Diks stie woansdeitejûn lâns de line by it restant fan de Champions League-wedstriid tusken Paris Saint-Germain en Istanbul Basaksehir. De arbitraazje gong, krekt as de spilers fan beide klups, op ien knibbel foar de wedstriid om in statement te meitsjen tsjin rasisme.

PSG, Istanbul Basaksehir en de arbitraazje mei in statement tsjin rasisme - Foto: ANP

De wedstriid waard tiisdeitejûn stillein nei't de fjirde official in rasistyske opmerking makke hawwe soe tsjin in assistint-trainer by de Turkske klup. De UEFA hie dêrnei nije arbiters oansteld, ûnder wa Diks. Hy fertelt dat it restant fan de wedstriid rêstich ferrûn is, nei de tumult fan tiisdeitejûn.

Foar it begjin fan de wedstriid, gongen beide teams en de arbiters op de knibbel om de middensirkel hinne. Diks: "Vanuit de clubs, in overleg met de UEFA, is besloten om echt aandacht te gaan schenken aan het racismeverhaal. Daaruit is deze actie naar voren gekomen."

Oeral tsjin rasisme yn aksje

Oer it ynsidint fan tiisdeitejûn sels wol Diks net in soad sizze. "Het is lastig om daar een oordeel over te hebben. De exacte toedracht wordt nog onderzocht, dat ligt nu bij de UEFA. Als er echt sprake van racisme is, dan kan ik het stoppen van een wedstrijd alleen maar ondersteunen. We moeten met z'n allen ervoor zorgen dat we overal tegen racisme optreden."

Mario Diks

Trefwurden: 
fuotbal Mario Diks rasisme UEFA
(Advertinsje)
(Advertinsje)