Relatyf protte besmettingen oprûn yn kofje- en skoftromtes

10 des 2020 - 12:31

It tal besmettingen is de ôfrûne wike yn Noard-Nederlân flink groeid. Dat seit it Acute Zorgnetwerk Noord-Nederland (AZNN). Benammen ûnder de 'aktive populaasje', de 30- oant 60-jierrigen, nimt it tal positive coronatesten ta.

Foto: ANP

Ek werhellet it AZNN dat minsken op de wurkflier harren oan de regels hâlde moatte, om't relatyf folle besmettingen oprûn wurde yn kofje- en skoftromten.

Yn alle provinsjes nimt it tal testen dat ôfnaam wurdt, ta. It AZNN meldt dat de grutte nije teststrjitte yn Ljouwert nei ferwachting yn desimber úteinset.

Reguliere soarch kin noch net opskaald wurde

Mei de groei yn it tal coronabesmettingen, is it ek noch hieltyd drok yn de sikehûzen. Dat betsjut neffens it AZNN net dat de kritike, net-útstelbere soarch yn ús regio útsteld wurdt, mar wol dat de reguliere soarch noch net opskaald wurde kin.

Op it stuit wurde yn ús regio noch alle dagen pasjinten út oare regio's oernaam om de druk op de Nederlânske sikehûzen sa gelyk mooglik te ferdielen.

Faksinaasjebelied

Der binne, sawol lanlik as regionaal, in protte fragen om it coronafaksin hinne, fernimt it AZNN. Dêrom is der no in regionale wurkgroep oprjochte om it faksinaasjebelied foar de noardlike regio's better te ferkennen. De groep hâldt him dwaande mei in tal oerkoepeljende fraachstikken, en komt wykliks byinoar.

Trefwurden: 
coronafirus AZNN
(Advertinsje)
(Advertinsje)