Jildboete foar Drachtster fanwege deadlik ûngelok mei scootmobyl

10 des 2020 - 12:06

In Drachtster fan 35 jier hat in boete fan 500 euro krigen foar in deadlik ferkearsûngelok. De man hie gjin foarrang jûn oan de bestjoerster fan in scootmobyl. De frou stoar in pear moannen letter.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Drachtster ried op 5 juny 2019 mei syn auto op de Torenstrjitte yn Drachten, doe't er op it lêste momint seach dat in scootmobyl it sebrapaad oerstekke woe. Beide bestjoerders skrokken fan elkoar en lutsen beiden oan it stjoer. De scootmobyl foel om en de bestjoerster foel op har holle. Se hie in holwûne en waard ôffierd mei de ambulânse. Twa en in heale moanne letter stoar se.

De automobilist is in ferkearsoertrêding begien, want hy hie gjin foarrang ferliend. Fan in oanriding wie lykwols gjin sprake. Dêrom easke de offisier fan justysje in jildboete fan 500 euro. De rjochter naam dat oer. Dy wie him der ek bewust fan dat de straf it fertriet fan de neibesteanden net kompensearje kin.

De rjochter stelde foar dat de fertochte en de neibesteanden, dy't op de publike tribune sieten, mei elkoar om tafel moasten. De Drachtster hie wol telefoanysk kontakt hân mei de soan fan it slachtoffer, mar dat fûn de rjochter in 'bytsje meager'. "U moet proberen met elkaar te praten, dat is misschien wel goed." De offisier hie earder al ek al opmurken dat de Drachtster "zal moeten leven met de gedachte dat door zijn toedoen iemand is overleden".

(Advertinsje)
(Advertinsje)