Noch gjin konteners fûn yn Noardsee boppe Skiermûntseach

Yn de Noardsee binne noch gjin konteners oantroffen, seit de Dútske skipfearttsjinst WSA. Tiisdeitejûn waard meld dat in skip noardlik fan Skiermûntseach mear as twahûndert konteners ferlern ha soe.
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
"Mei sonarûndersyk ha we oant no ta gjin objekten fûn dy't de ôfmjittingen ha fan konteners", seit in wurdfierder fan de Dútske skipfearttsjinst. It ûndersyk is yn alle gefallen tongersdei noch de hiele dei. De konteners soene sa'n 185 kilometer boppe Skiermûntseach bedarre wêze, yn it Dútske diel fan de Noardsee. Mear nijs dêroer is te finen op ús dossierside.
Begjin 2019 ferlear de MSC Zoe 342 konteners op de súdlike farrûte boppe de Waadeilannen. De MSC Zoe wie ien fan de grutste kontenerskippen fan de wrâld. Noch altyd leit der guod op ferskate strannen mei guod dat út dy konteners kaam.
Saakkundigen warskôgen de Twadde Keamer ein oktober noch dat in ramp sa as mei de MSC Zoe samar wer barre kin. Dat sei Lutz Jacobi fan de Waadferiening tongersdei ek by Omrop Fryslân.