Kampanje tsjin húslik geweld einiget by frouljusbylden op seedyk by Holwert

10 des 2020 - 11:00

De kampanje Orange the World tsjin húslik geweld tsjin froulju is twa wiken lyn begûn. Rûnom beskynden oranje lampen de gebouwen om oandacht te freegjen foar de kampanje. By de iepening op 25 novimber yn Ljouwert waarden teksten fan froulju dy't geweld ûnderfûn hawwe, op gebouwen projektearre. Tongersdei is it de lêste dei.

Foto: Jonathan Doornenbal/Sense of Place

De ôfsluter is ek coronaproof, sa is it doel. In tsiental froulju rint yn it skimerljocht yn optocht by de Holwerter seedyk nei de twa grutte frouljusbylden fan keunstner Jan Ketelaar op de dyk. Dy binne ek oranje útljochte.

Oerweldigjend

Hinke Veenstra fan Orange the World sjocht mei tefredenheid werom op de aksje. De belangstelling wie oerweldigjend, fertelt se. Gebouwen rûnom op de wrâld binne yn it oranje ljocht set. Yn Fryslân wiene dat ûnder oare ek it stedhûs fan Harns en de Wetterpoarte yn Snits.

Dat smiet boppedat moaie plaatsjes op dy't minsken dielden op sosjale media. Dat helpt ek mei by it krijen fan mear omtinken. No't minsken mei de corona mear op harsels oanwiisd binne, binne sosjale media wichtiger as ea.

By bedriuw wurkje feiliger as thús

Nei de iepening op it Gouverneursplein yn Ljouwert hat de inisjatyfnimmer petearen hân mei froulju dy't troffen binne troch húslik geweld. Dat komt, lykas bekend, mear foar fanwege it ferplichte thúswurkjen fanwege driigjende coronabesmettingen.

Guon froulju hawwe harren wurkjouwer sels mei klam frege oft se wer op it bedriuw wurkje koene, fertelt Hinke Veenstra. Thús is it net feilich.

Telefoannûmer

De kommende tiid sil de organisaasje brûke om in nije kampanje te betinken foar takom jier. Meldingen fan húslik geweld kinne noch altyd dien wurde op telefoannûmer 0800-2000

Oranje stedhûs op it Gouverneursplein yn Ljouwert - Foto: Kappers Media

Hinke Veenstra , Orange the World

(Advertinsje)
(Advertinsje)