Mondriaan Fonds stipet musea: "Sa komme we de tiid wol troch"

10 des 2020 - 10:44

Yn totaal 14 Fryske musea krije corona-kompensaasje fan it lanlike Mondriaan Fonds. Net elkenien krijt itselde bedrach, dat hinget ûnder oare fan it oantal besikers ôf. Ien fan de musea dy't de stipe krijt, is it Fries Scheepvaartmuseum yn Snits. Dat krijt 30.000 euro.

It Fries Scheepvaart Museum yn Snits - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Se kinne it jild goed brûke yn Snits, fertelt direkteur Meindert Seffinga. "We ha in aardich roerich jier hân: earst al tsien wiken ticht, lêst nochris twa wiken. Dan ha je gjin ynkomsten, mar wol útjeften. Paadwizers, in systeem om kaartsjes te reservearjen, desynfeksjemiddels. Dat telt aardich op."

Dêrtroch komt it museum dit jier út yn de reade sifers. "Wol in bytsje, mar dizze bydrage soarget der wol foar dat we folle minder tekoart ha. Dus dit jild is tige wolkom, sa komme we de tiid wol troch."

Minder drok

Seffinga fernimt wol dat it minder drok is yn it museum. "Oer it hiele jier sjoen sitte we op 75 prosint fan de besikers dy't we gewoan ha soenen. Fan it simmer wie it wer drokker as oars. Hiel Nederlân wie yn Fryslân mei fakânsje. Mar yn septimber drûge dat wer op. We misse benammen de groepen en skoalklassen." En it bliuwt noch langer ûnwis. "It feroaret allegear hiel gau. Dêr binne we ek al in bytsje oan wend. Dan is sa'n bydrage hiel wolkom."

(Advertinsje)
(Advertinsje)