SC Hearrenfean moat topskoarster de rest fan it seizoen misse

10 des 2020 - 10:24

Sportklup Hearrenfean moat it de rest fan it seizoen dwaan sûnder topskoarer Francisca Cardoso. De Portugeeske spits hat in krúsbânblessuere en kin dit seizoen net mear spylje.

Francisca Cardoso - Foto: www.orange-pictures.nl

Yn de earste acht wedstriden fan it seizoen skoarde Cardoso fjouwer kear. Se makke ôfrûne simmer de oerstap fan de Portugeeske klup Braga.

Nei acht wedstriden yn de earedifyzje stiet SC Hearrenfean fyfde. De boppeste fjouwer geane nei de reguliere kompetysje troch nei in kampioenspûl.

Earder dit seizoen folgen we Cardoso by de earste thúswedstriid fan it seizoen:

(Advertinsje)
(Advertinsje)