Boargemaster Achtkarspelen ropt âlden op: hâld bern yn de stringen

10 des 2020 - 08:37

Yn de oanrin nei âld en nij ropt boargemaster Oebele Brouwer fan Achtkarspelen âlders en fersoargers op om de jongerein yn de stringen te hâlden. Se wolle mekoar moetsje, seit de boargemaster, en op guon plakken is dat al út de hân rûn.

Foto: Wikimedia Commons

Benammen yn Surhústerfean en Twizelerheide is it de lêste tiid wolris goed misgien, seit Brouwer. "Ik snap it ek wol, de jongerein koe net in soad, de lêste moannen. Hoe yngreven de situaasje mei de coronamaatregels ek is, en we witte allegear wêrom't we it dogge, mar jeugd is jeugd. Dy wol elkoar sjen."

Wat net akseptabel is, is dat in stik as acht bushokken opblaasd binne yn Surhústerfean, bankjes yn de hens yn Twizelerheide.

Oebele Brouwer oer fandalisme yn syn gemeente

Dat is net altyd like maklik, want in soad dingen geane net troch. "Se meie net mear op it sportfjild, net mear yn de kroech, de keten binne ticht. Dus dat se elkoar opsykje snap ik. Dat kin ek, as se de ôfstân bewarje. Mar wat net akseptabel is, is dat in stik as acht bushokken opblaasd binne yn Surhústerfean, bankjes yn de hens yn Twizelerheide. Dat is fandalisme. Dus ik snap de situaasje, mar dat kin echt net."

Brouwer hopet dat âlders en fersoargers mei de bern prate. "Want wy kinne net elk bankje of elk bushokje bewake. Dus bepraat de situaasje mei de bern, bepraat de situaasje dêr't we yn sitte. En gedraach dy." Sels besykje de gemeente, de plysje, de boa's en de jongereinwurkers ek mei de jeugd te praten. "We kinne freegje hoe't it mei se giet. Dan ha wy in gesicht, en de jeugd hat dan ek in gesicht fan ús."

Boargemaster Brouwer ferwachtet in drokke âld en nij

Lanlik wurdt ferwachte dat der mear fandalisme komt. Dat sil yn Achtkarspelen net oars wêze. "As in hiel soad net mei, dan is de kâns op gedonder grutter", seit Brouwer. "Sa ha we gewoanwei bygelyks in moaie grutte tinte yn Surhústerfean mei âld en nij, dêr komt in soad jeugd op ôf. Mar dat giet no net troch. Dy tinte soarge der just foar dat de skea yn de gemeente hiel bot nei ûnderen gong." Fan 80.000 euro nei 8.000 euro. "Mar dy tinte is der no net. Dus ik hoopje dat it tafalt, mar it is te ferwachtsjen dat de skea no oprint."

Bysûndere âld en nij

Wat wol trochgiet is it karbidsjitten, mar wol oars as oars. "It drige even dat it hielendal net mocht. Mar gelokkich mei it. Wol mei lytsere klupkes en allinnich by deiljocht. Ik ha ek praat mei alle oanfragers fan fergunningen, hiel ynformeel. Mar se snappe it allegear en elkenien wol him oan de regels hâlde." Der binne ek guon by dy't der foar it earst te karbidsjitten sille. "Dy hienen miskien oars mei fjoerwurk oan de slach gien."

Sels sil Brouwer, krekt as ferline jier, by de karbidploegen del. "Mar doe wie it om minsken even te moetsjen, dat is no oars. En jûns moatte we rekken hâlde mei in bysûndere âld en nij. We hâlde der rekken mei dat we ús taak as plysje, boa's en boargemaster oppakke moatte."

(Advertinsje)
(Advertinsje)