Kollum: "Frikandel"

10 des 2020 - 08:12

"'Lieve mensen, nu de vaccins eraan komen voel ik me toch geroepen om mijn positie hierover te delen ' Sa begie in promovearre sosjaal wittenskipper oan 'e Universiteit fan Amsterdam en ek kennis fan my in post op Facebook. Mei dat sintsje wie al dúdlik wat er hjirnei skriuwe soe, nammentlik dat hy advisearre om it faksin net te nimmen. It faksin tsjin corona, dêr't fan 'e wike de earste minsken yn Ingelân mei ynspuite binne. Ik stie perpleks.

Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Botte Jellema

Hy skriuwt dat it mRNA-faksin fiersten te eksperiminteel is, en dat it út de hege hoed tovere is. Dat 'Big Pharma' net transparant genôch is oer de efterlizzende belangen. Dat we better wachtsje kinne oant yn 2022 in mear konvinsjoneel faksin komt. Dêrnei dielt hy tal fan links nei obskuere websites, mei teksten dy't syn stânpunt saneamd ûnderbouwe.

Ik klikte op it earste linkje. De earste sin fan it artikel is 'Pfizer's long history of scandals, and the fact that they have never been held to account for their crimes, continues to be ignored by the media'. De website neamt himsels 'uncensored investigative journalism'. Lit my even op in rige sette, wat hjir bart.

Pfizer is ien fan de grutte farmaseuten fan 'e wrâld en hat in mRNA-basseare faksin ûntwikkele. It fiert te fier om yn te gean op hoe't mRNA wurket, ik wit it sels net iens krekt, mar ik wit dat myn sus der yn har lab by it Universitair Medisch Centrum Groningen al jierren mei wurket. Dat is miskien de reden dat ik op soks reagearje mei 'oh mRNA, leuk', ek al wit ik der net in soad fan. Mar dan noch: it binne techniken dy't net sa nij binne as se miskien klinke yn 'e earen fan leken.

Dat Pfizer no in corona-faksin makke hat, is op himsels gjin wûnder, want sy binne in grutte partij en ha de middelen en kunde hjir foar. Wat hiene we dan ferwachte, dat Rendac mei wat komme soe? Pfizers blazoen is net skjin, yndied 'history of scandals', mar ek dat is mear in fertochtmakking as ynhâldlike krityk op in faksin dat se ûntwikkele ha.

Dat se nea ta ferantwurding roppen binne, is net wier. Der ha meardere rjochtsaken west, en sa lang as ik yn 'e sjoernalistyk wurkje, wit ik dat der kollega's binne dy't dit bedriuw sekuer yn 'e gaten hâlde. Der wurdt hast elke wike wol in stik oer Pfizer skreaun, net yn it lêste plak omdat it sa'n gigantysk bedriuw is, mei in winst fan sa'n 50 miljard dollar yn it jier.

Dus dy sin 'continues to be ignored by the media' seit mear oer in efterlizzende aginda fan fertochtmakkingen fan de skriuwer as oer de wierheid. En it is yn feite gewoan in snear nei alle oare sjoernalisten. Josels dan 'uncensored' neame, as of oare media wol censored binne, is nochal oermânsk.

De oare linkjes binne mei in bytsje 'close reading' ek gau te diskwalifisearjen. Ik ha wier gjin inkelde behoefte om Pfizer te ferdigenjen, dat kin dit bedriuw dat no in beursnotearring hat fan rekôrhichte, prima sels. Mar Pfizer en har mRNA-faksin fertsjinnet goede, ynhâldlike krityk. En net fertochtmakkingen. Dêrmei ûnderminest trije dingen: sjoernalistyk, wittenskip en, net yn it lêste plak, mienskiplik draachflak foar it corona-faksin.

Ik gie yn diskusje mei de wittenskipper, mar hy wie tige oertsjûge fan syn oprop. Wachtsje oant 2022, ik freegje my ôf ûnder hokker stien hy libbet. Ik fyn it al net te fertarjen dat ik as ien dy't net yn in risikogroep falt wachtsje moat oant de simmer. Ik lit oaren graach foar, mar as it heal kin, kinne we dan asjeblyft foar de folgjende hjerst en winter út dizze persoanlike, sosjale, ekonomyske en sûnenshel komme.

Us mem frege fan 'e wike of ik it faksin nimme soe. Ja, sei ik fuortendaliks. Seker en wis, gjin twivel mooglik. Wichtichste en nochtere Fryske ôfwaging: hoe soe in bedriuw as Pfizer it himsels tastean kinne om hûnderten miljoenen, miskien wol in miljard minsken te faksinearjen mei in faksin dêr't se net hûndert prosint fan oertsjûge binne dat it wurket. Finansjeel gewin, kinst der tsjinyn bringe, mar wat is it finansjele gewin fan in bedriuw dat al 170 jier bestiet op de lange termyn, as dit se dit ferkloate? Dan giet it hiele bedriuw ûnder. Ynklusyf de anty-depressiva en Viagra. Ja, dat is ek fan Pfizer, jo kinne in protte lol belibje mei harren guod.

En de grappichste en meast nochtere redenearring lies ik in skoftke lyn: dus do wolst gjin faksin yn dyn liif omdatst net fertroust wat der yn sit: hoe faak hasto yn dyn libben in frikandel iten?"

Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
(Advertinsje)
(Advertinsje)