Lutz Jacobi wol minder aktiviteit yn Waadgebiet: "Dat heart net yn in wrâlderfgoed"

10 des 2020 - 07:39

Direkteur Lutz Jacobi fan de Waadferiening hat stevige krityk op de minsken dy't polityk ferantwurdlik binne foar it Waadgebiet. De oerheden hawwe gjin mienskiplik belied, seit se. Yn de praktyk wurdt der fierstente folle poldere, en dat soarget foar rebûlje. Jacobi makket har drok oer de takomst fan it Waadgebiet.

Lutz Jacobi - Foto: Omrop Fryslân

"It Waad is unyk", seit Jacobi. "Dat moatst sa hâlde. We moatte hiel bot ús bêst dwaan om derfoar te soargjen dat it gebiet net ferpest wurdt troch bouplannen. Sels de tsjusterens stiet der dêrtroch ûnder druk."

Elkenien giet foar syn eigen belang en altyd hat it Waad dêr skea fan.

Lutz Jacobi

De problemen komme dus trochdat der gjin goed belied is, seit Jacobi. "Alles moat hjir mar kinne, mei ús polderpolityk. Dêrtroch ha je in hiel soad strjitgefjochten, sa neam ik it mar. Elkenien giet foar syn eigen belang en altyd hat it Waad dêr skea fan."

Lutz Jacobi fan de Waadferiening wol dat der better om it wrâlderfgoedgebiet tocht wurdt

Sa wurdt der sâlt, gas en enerzjy wûn yn de Waadsee. "Dat heart net yn in wrâlderfgoedgebiet", seit it âld-Keamerlid foar de PvdA. "En it hoecht ek hielendal net. Der binne genôch plakken foar sâltwinning. Ek de plannen foar grutskalige enerzjyopwekking, dêr is de Waadsee hielendal net geskikt foar. Dus dêr moatte we altyd mar tsjinoan buffelje. Dêr stiet de Waadferiening foar, en gelokkich binne we dêryn net allinnich."

"Absolút wer in ramp"

It nijs fan earder dizze wike dat opnij in frachtskip konteners ferlern hat boppe it Waad makket Jacobi dan ek lilk. "Nederlân kin in hiel soad dwaan om dit gefoelige gebiet better te beskermjen." Minister Van Nieuwenhuizen nimt no wol maatregels, mar seit ek dat bepaalde saken ynternasjonaal regele wurde moatte. "Mar je kinne ek fan guon dingen gewoan sizze: dit wolle we. Je kinne de Kustwacht mear foech jaan, je kinne skippen net mear tastean op dit stik. Sokke grutte skippen, dat kin gewoan net. Der komt absolút wer sa'n ramp."

(Advertinsje)
(Advertinsje)