UPDATE: A7 fan Grins yn rjochting fan Fryslân wer iepen

10 des 2020 - 07:02

De sneldyk A7 fan Grins nei Drachten hat tongersdei in skoftlang ticht west tusken it yndustryterrein Westpoort en Leek. Dat kaam troch in ûngelok fan in frachtwein mei hinnen. It oprêden dêrfan duorre oeren.

Foto: De Vries Media

Ferkear dat fan Grins nei Hearrenfean woe, waard in hiel ein omlaat, oer de A28 en A32: fan Assen, Hoogeveen, Staphorst nei Meppel en dan wer nei it Noarden.

Wa't westlik fan Leek de sneldyk op gong, koe wol gewoan oer de A7 yn Fryslân komme.

Trefwurden: 
It Hearrenfean A7 Grins
(Advertinsje)
(Advertinsje)