Mearderheid foar Stikstofwet yn beide Keamers, mei help fan opposysjepartijen

10 des 2020 - 06:38

It kabinet hat in akkoart berikt mei opposysjepartijen SP, 50PLUS en SGP oer de stikstofwet dy't tongersdei yn de Twadde Keamer behannele wurdt. De koälysjepartijen yn de Twadde Keamer ha gjin mearderheid yn de Earste Keamer, dêrom moast minister Schouten oare partijen ek safier krije om foar te stimmen.

Lânbouminister Carola Schouten - Foto: ANP

De ôfrûne dagen is lang praat oer it wetsfoarstel. Yn ruil foar de stipe krije SP, 50PLUS en de SGP ûnder oare de tasizzing dat yn 2035 hast trijekwart fan de gefoelige natuer net mear skansearre wurdt troch de stikstofdelslach. Dêrfoar moat de útstjit fan stikstof troch de helte.

Liket op advys Remkes

It plan fan it kabinet wie oanfanklik om yn 2030 de stikstofútstjit mei 26 prosint werom te bringen. De nije ôfspraak liket mear op it advys fan de kommisje-Remkes. Dy sei dat de útstjit yn 2030 mei de helte werom moat. Fierder set it kabinet in tuskendiel yn de wet: 40 prosint fan de natuer moat op in sûn stikstofnivo sitte yn 2025. En der komt ûnder oare 20 miljoen euro foar soarchbuerthûzen, as ûnderdiel fan in ekstra ympuls foar de wenningbou.

It stikstofprobleem

De Ried fan Steat sette yn maaie 2019 in streek troch it stikstofbelied (it Programma Aanpak Stikstof, ek wol PAS) fan it kabinet. Dat belied ferwaarleazge nammentlik beskerme natuergebieten. Alle fergunningen dy't mei it PAS-belied ôfjûn wiene, waarden troch de útspraak fan de Ried fan Steat ûnjildich.

It kabinet seit no ta dat tûzenen PAS-melders in fergunning krije. Sy ha tusken 2015 en 2019 melding makke fan in útwreiding fan harren bedriuw. Oant de útspraak fan de Ried fan Steat wie sa'n melding genôch. Benammen de SGP, dy't in soad boeren yn de achterban hat, woe dúdlikheid foar de boeren.

Jild foar lânbou, yndustry, skipfeart en natuer

Om de bou fan hûzen en de oanlis fan diken wer op gong te bringen, komt it kabinet mei in rige oan maatregels. Schouten sei earder al dat it kabinet 2 miljard euro útlûkt om de stikstofútstjit troch de lânbou, yndustry en skipfeart te ferleegjen en 3 miljoen om Natura2000-gebieten te fersterkjen. Fierder giet der in heal miljard nei skjinnere wenningbou.

(Advertinsje)
(Advertinsje)