Op knibbels troch Midslân oan See op syk nei wettercrassula

10 des 2020 - 06:05

De bestriding fan it eksoatyske plantsje wettercrassula op Skylge sit no yn in nije faze; ien wêrby't je skerp sjen moatte. Ekologen fan de stifting Bargerveen kontrolearje no elke twa wiken de plakken by Midslân oan See dy't earder mei grutte graafmasines crassulafrij makke binne.

Op knibbels troch Midsland aan Zee op syk nei wettercrassula

En dat is in stadich proses wêrby't de ekologen op knibbels troch dizze gebieten krûpe om de meast lytste restanten op te speuren. Want as je der net omtinke, giet it samar mis. Yn totaal moat sa 15 bunder oan gebiet besjoen wurde.

Net elkenien kin dat dwaan, seit Janneke van der Loop fan de stifting Bargerveen: "We doen het ook met meerdere mensen die hier goed in zijn gespecialiseerd en we leiden ook mensen op voor dit soort werk." Leeftiid spilet ek in rol. "Er zijn mensen die het niet meer kunnen doen. Het zijn vooral de jongeren die dit goed trekken", seit sy wylst mei grouwe knibbelstikken krûpt. Der komt inkeld wer wer crassula werom. Bygelyks troch guozzen, mar ek troch minsken of hûnen dy't yn noch besmet gebiet west ha.

"Soorten die je anders kwijt zou raken"

It is it foar it earst dat der besocht wurdt op sa'n grutte skaal wettercrassula hielendal fuort te heljen. Ien en oar wurdt yn opdracht fan de provinsje Fryslân dien. It is hiel wichtich want oars ferliest de karakteristike natuer fan de wiete dúnfalleien it fan dizze eksoat.

Van der Loop kin ek wol genietsje fan dy natuer: "Onder andere oeverkruid is een plant die hier veel voorkomt en het gebied is aangewezen voor de beschermde rugstreeppad en vooral in warmere periodes kom je veel van die rugstreeppadjes tegen. Het zijn ook soorten die je wilt beschermen met dit soort werk en die je anders kwijt zou raken."

Ekolooch Janneke van der Loop oan it wurk - Foto: Omrop Fryslân/Remco de Vries

Janneke van der Loop

(Advertinsje)
(Advertinsje)