Friese Anjer útrikt oan De Kast: "As we weromsjogge, kinne we grutsk wêze"

09 des 2020 - 22:52

De Kast hat woansdeitejûn de Friese Anjer fan it Prins Bernhard Cultuurfonds Fryslân krigen om't se har al mear as tritich jier foar de Fryske popmuzyk ynsette.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

De band hat net allinnich in soad hits skoard, mar ek in wichtige bydrage levere oan it útdragen fan de Fryske taal en identiteit, lanlik en ynternasjonaal.

Syb van der Ploeg wie der stil fan. "Fan al dy ferhalen en moaie filmkes, der kaam sa folle boppe. We ha hiel wat meimakke yn dy 30 jier, mar as band sjogge we eins allinne mar foarút, mar as we weromsjogge, kinne we bêst wol grutsk wêze op wat we dien ha."

Moaiste priis

Hy neamde it de moaiste Fryske priis dy'tst krije kinst. "We binne begûn mei de Friese Popprijs yn 1996, no 25 jier letter dizze priis, dat is moai."

Kommissaris fan de Kening Arno Brok, ek foarsitter fan it Cultuurfonds Fryslân, oerlange de priis yn de steateseal op it provinsjehûs. "Kultuer jout kwaliteit fan libben oan, it jout ferwûndering, kreativiteit. It jout de romte om te ûntdekken, om te ûntwikkeljen en dat leit no dreech", sei kommissaris Brok. "Dizze tiid leit in blokkade op de ûntwikkeling fan de minsken dy't drager binne foar de kultuer en de kulturele sektor."

Ferslachjouwer Willem de Vries wie by de útrikking

Talint

De earste talintepriis gie nei muzikante Michelle Samba. "Fryslân knapt út de foegen fan it talint," sei kommissaris Brok. "Dat jonge bloed hat de provinsje nedich om fitaal en enerzjyk te bliuwen."

Samba spilet ûnder oaren yn de band fan Claudia de Breij, mar hat ek mei har eigen projekten in protte sukses. De kabaretiêre spruts har ek ta. Se is hiel wiis mei de priis. "Ik ha it twa kear sa drok no, ik bin drok dwaande. Mei Claudia wurkje we yn de studio oan in nij album." Se tinkt der ek oer om in film te meitsjen.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Mei de Friese Anjer wurdt alle jierren in persoan, feriening of ynstelling dy't him ynsetten hat foar de Fryske kultuer of natuer yn it sintsje set. De priis bestiet út in spjelde, in oarkonde en in bedrach fan 5.000 euro.

(Advertinsje)
(Advertinsje)