Ried Harns mei tsjinsin, mar unanym, akkoart mei ekstra jild foar Empatec

09 des 2020 - 21:56

De ried fan Harns fynt dat der mear grip komme moat op de bedriuwsfiering fan Empatec, mar wol de meiwurkers fan de sosjale wurkfoarsjenning net de dupe wurde litte. Empatec biedt neffens de mearderheid fan de ried goed wurk oan minsken mei in beheining.

Foto: Empatec

De gemeente Harns betellet 391.000 euro ekstra, yn totaal betelje de 6 gemeenten dy't partisipearje yn Empatec 5 miljoen. Súdwest Fryslan betelle ien kear 2.860.00 euro, De Fryske Marren 617.000 euro, Skylge 31.000 euro, Waadhoeke 1.101.000 euro en Flylân 0.

Neffens guon riedsleden hawwe de kolleezjes net goed genôch tafersjoch hâlden. Oaren nimme it harsels as riedslid kwea ôf dat se net earder aksje ûndernaam hawwe. Dúdlik is dat ek de ried fan Harns oanrint tsjin de yngewikkeldheid fan de saneamde GR-konstruksje. Ek fine se dat se te let ynformearre binne oer finansjele problemen by it bedriuw.

Better sicht hâlde

Riedsleden fan de 6 gemeenten hawwe tiisdei in groep gearstald om yn de takomst as rieden better sicht te hâlden op de saken om Empatec hinne.

Ek wethâlder Paul Schoute erkent dat de mienskiplike regeling omtrint Empatec in 'log construct' is. In moasje fan CDA, PvdA, VVD en Hoop waard ek unanym oannaam. Dêryn wurdt it kolleezje opdroegen de begrutting foar 2021 fan Empatec foar 1 april 2021 oan de ried te oerlizzen, it keuzedokumint ek en de jierrekken fan 2020 foar 1 juny oan de ried foar te lizzen. Ek wolle se foar 1 july 2021 it foarstel foar in nije governance rjochting Empatec hawwe. As dat net slagget moat de wethâlder (Paul Schoute) de ried dêrfan op 'e tiid op 'e hichte bringe.

De gemeenteried fan Waadhoeke is earder al akkoart gien mei de ekstra finansjele ynjeksje oan it bedriuw. De suggestje fan ûnder oaren GrienLinks om út de mienskiplike regeling te stappen en in eigen wurkfoarsjenning op te rjochtsjen waard troch de wethâlder fan de hân wiisd. De ynfrastruktuer fan Empatec is neffens de wethâlder net samar op te túgjen yn in gemeente allinnich.

Drege konstruksje

"De governance fan GR (mienskiplike regeling ) is frustrerend." Dat seit Schoute. De skieding tusken de GR en de NV is in yngewikkelde drege konstruksje seit de wethâlder. Der wurdt sjoen hoe't dat yn de takomst eventueel oars kin. Ek op dit momint wurdt der al wurke om Empatec om te foarmjen ta in wurk-learbedriuw en binne der minsken oannaam dy't foar better finansjeel belied by Empatec soargje moatte.

Sosjale wurkfoarsjennings stean sûnt de ynfiering fan de partisipaasjewet yn 2015 swier ûnder druk. De bedriuwen waarden foar in part ûntmantele. De bedoeling fan de wet wie dat minsken mear partisipearje soene yn it 'gewoane' bedriuwslibben. By it oare grutte sosjale wurkbedriuw, Caparis, yn Fryslân wiene earder grutte problemen mei de mienskiplike regeling. Dêr binne úteinlik in pear gemeenten útstapt en hawwe in eigen sosjaal wurkbedriuw oprjochte lykas yn Achtkarspelen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)